Message 15: De 'TGV' dendert troch....
Door: Dirk-Yde
Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde
24 Januari 2008 | Australië, Melbourne
Ik sil begjinne mei The Great Ocean Road. Ien fan wralds meast bekende en beroemste kustdyk. Dizze spektakulaire dyk giet lans de kust, dat leit tusken Adelaide en Melbourne. Spektakulair om de prachtig moaie rotsformaties dy't de revue passearje, lykas de Twelve Apostles.
Dizze route ha we ofrune tiisdei mei us trijen oflein. Hjirfoar bin ik ofrune sneon (en snein) wer werom nei Adelaide riden fan Melbourne om de froulju op te pikken nei harren trip nei Alice Springs en Ayers Rock. De Great Ocean Road wie seker de mouite wurch. Prachtig moaie dyk mei erg moaie views. Tsjek de foto's soe ik sizze. Underweis ha we sels ek noch us earste wylde koala spotten!
Tiisdeitejun kamen we wer oan yn Melbourne. Doe wie it doel om wer in sliepplak te bemachtigjen mei us camper. Dat is yn de regel net sa makkelyk yn in grutte sted as Melbourne. Mar no wol it folgende it gefal. Doe't ik ferline wike oer stjitte run nei de wedstriid fan Haase, noch hieltiten gehuld yn myn oranjeshirt, waard ik oansprutsen troch in aldere man. Hy freege wer't ik weikaam en ik die sadwaande myn ferhaal. Syn antwurd wie like ferrassend as spesjaal. Hy antwurde yn it frysk! It die bliken dat dizze man al mear as 40 jier yn Australië wennet en flakby wenne (yn in appartementenkomplex) wer't ik us buske stean hie. Hy fun it sa moai dat hy in Fryske jongkeardel tsjinkaam wie en hy noege my ek drekt ut om syn hus te besjen. Der ha we sa'n 2 oeren sitten praten. Hy komt oarspronkelyk ut Ureterp en is hjir as swimkoach terjochte kaam yn 1965. Syn frysk wie ynmiddels wol wat gebrekkig, mar hy redt him noch hiel best. Dizze beste man ferhuurt in keamer oan backpackers. Helaas sit hy fol dizze wike, mar dochs meie wy eltse moarn by him delkomme om in ontbijt te nuttigjen en kinne we der douche. It buske ha we wer op itselde plak stean as ferline wike. Prachtig moai toch?! Hy mei graach minsken om him hinne ha en hy kin it erg wardearje dat wy him gesellighyd bringe mei us besites. Wy bliid en hy bliid.
Ik hie jim al dielgenoat makke fan it Grand Slam tennis hjir yn Melbourne. Al wie dat foarnamelyk troch middel fan foto's. Tennis hat my altiten boeie kinnen (op tillevizje), mar om der yn it echt by te wezen jout dochs wer in hiel oare dymensje. Yn positieve sin sis ik der drekt by. Want wat ha ik genoaten! Fansels wie dat yn it begjin foaral fan us 'next best thing' Robin Haase. Yn de earste ronde fersloeg hy Ivan Ljubicic (nr. 17 fan'e wrald) yn fjouwer sets. Ferfolgens tsjin Sebastian Grosjean, wat hy helaas net winne koe. Yn fiif sets delfde hy it underspit, mar dochs kin hy werom sjen op in prima optreden op de Australian Open. Dit wie de offisjele webside fan dit tennistoernooi ek net untgien. Under de titel 'Who's that rising star?' waard der it folgende skreaun oer dit talent:
'Robin Haase - that's 'Haas' with an 'e'. Don't forget that, because he could be coming to a newspaper front page near you very soon. He's the only bloke who cracks a mention. This young Dutchman has a cult following in Melbourne judging by the attention he received at his matches in qualifying. He knocked over Ivan Ljubicic in the first round, and at only 20 years of age, could be a player makes the step up in 2008.'
As ofsluter fan it Haase-haadstik binne we – sa at jimme ek leze kinnen ha yn myn foarige ferhaal – tongersdeitejuns noch mei him op stap west yn Melbourne. Ha him noch in skoftke oan de praat halde kinnen foardat de froulike supporters him opeisden. We ha it sels noch oer myn reizgjen han en hy fertelde my dat hy dat ek hiel graach dwaan wol nei syn aktieve tenniscarriere.
Dan wie der ek noch iets wer't ik noch hielendal net hearder oer berjochte ha. Iets wer't se hjir yn Melbourne noch hieltiten oer prate en wat deis dernei op de foarpagina ferskynde yn de Herald Sun, de krante fan Melbourne. It wie de wedstriid tusken de Chileen Fernando Gonzalez en de Griek Konstantinos Economides. Miskien ha jim der iets fan meikrigen, mar dit barde der:
Rellen op de Australian Open
“Op de tweede dag van de Australian Open braken er incidenten uit in de tribunes. De ordediensten, die een nultolerantie hadden beloofd, moesten ingrijpen.
Het leek een beetje onwezenlijk. Een sfeer die men eerder tijdens een voetbalmatch kan verwachten, maar nu gebeurde het tijdens een tenniswedstrijd.
In het Margaret Courth stadium werd een wedstrijd gespeeld tussen de Chileen Fernando Gonzalez en de Griek Konstantinos Economides. In de tribunes bevonden zich een aantal Griekse, Cypriotische en Servische toeschouwers. Op het veld zelf was er niet de minste aanleiding tot de incidenten, maar toch vlogen de toeschouwers elkaar in de haren.
De politie van Melbourne, die voor aanvang van het toernooi een nultolerantie had beloofd, moest ingrijpen en diende zelfs pepperspray te gebruiken om de heethoofden te lijf te gaan. Enkele Griekse tennisfans werden hierbij lichtgewond. Een groot aantal baldadige supporters werden uit het toernooi verwijderd. Het is niet bekend of er arrestaties verricht zijn.”
It gefal wol dat wy der tuskenyn sieten! Noch noait hearder hie ik te meitsjen han mei pepperspray, mar no wit ik it; it fielt net lekker. Prikkende eagen en hoestbuien. En dat foar in potsje tennis.....
Mar goed, ek wienen der fansels positivere erfaringen en wedstriden. Sa siet ik juster mei mei Doutsen en Anke wer op it centre court. As earste wedstriid stoen de confrontatie tusken Daniela Hantochova en Agnieszka Radwanska op it programma (Hantochova wun yn twa sets). Dernei wie it de beurt oan Ana Ivanovic en Venus Williams. In erg interressante pot tennis, mei in dudlik heger niveau as de earste. Uteindelyk wun troch de earstneamde. De tredde en leste tenniswedstriid foar us wie it treffen tusken Novak Djokovic en David Ferrer. De earste set gong yn mar 20 minuten tiid nei Djokovic. Dernei joech Ferrer mear tsjinstan, mar echt spannend waard it noait. Djokovic wun frij gemakkelyk yn 3 sets.
Juns wie it de beurt oan Roger Federer tsjin James Blake. Hjir hienen we helaas gjin kaarten foar, mar dizze wedstriid ha we op it grutte skerm sjen kinnen op it tenniskomplex; Melbourne Park. Al mei al wer in prachtig moaie dei han.
Ik ha no mar leafst fiif wedstriden yn de Rod Laver Arena sjen mochten en trije yn de Vodafone Arena, it twadde stadion. Sa ha ik no mannen as Novak Djokovic, David Ferrer, Andy Roddick, Fernando Gonzalez, Richard Gasquet, Ivan Ljubicic en Juan-Carlos Ferrero bewunderje mochten. Derneist ha ik Roger Federer en Rafael Nadal noch tidens in training sjen kinnen.
Ek de froulju mei fansels net untbrekke mei nammen as Jelena Jankovic, Ana Ivanovic, Maria Sharapova, Venus Williams, Daniela Hantochova, Amelie Mauresmo en Elena Dementieva. Miskien ferjit ik der sels ek noch wol in pear.
Ek ik mei weromsjen op in prima toernooi en in machtig moaie erfaring! Al is it tennis noch net hielendal foarby foar my. Snein, de dei fan de finale, sil ik noch mei in groepke freonnen it tenniskomplex op om de finale op it grutte skerm te sjen, neist de Rod Laver Arena. Dat sil it dan weze...
Dan bin ik hast alwer op'e helte fan myn avontoer. Folgende wike woansdei stiet myn flucht nei Auckland, Nij Seelan, gepland. En dit kear sil ik my der oan halde! Dan begjint der wer in nij haadstik, ien moanne reizgje en ien moanne wurkje, foardat ik wer werom kom nei Australië foar alwer myn leste twa moanne.
Oant safier wer! Eltsenien wer tige tank foar de reaksjes. It giet jimme goed......
Groetnis DYS
-
24 Januari 2008 - 07:47
Jeljer:
Ha Dys!! Moaie ferhalen... Der is altyd in soart te redden yn Melbourne. GP, Formule 1, Australian Open en de hynders op 1 november. Great Oceaan road ek machtig om te sjen fansels. Yn Nederlân alles best... It waar begint allinne wat te ferfelen. Soart rein en weinig sinne. Ik nim oan dat it der oars is!!! Ny Sealân is in skitterende bestimming. Mochst nog ferlet hawwe fan in Frys?? Ik haw kennissen yn Auckland. Oja, tip! Ast tijd yn Auckland haste. Nim dan de ferry nei Waiheke island. Moai eilantsje op 45 minuten varen. Succes oan de oare kant.
Groetnis,
Jeljer -
25 Januari 2008 - 18:01
Enno De Alde:
doe ik sa ald wie gong ik nei Roermond en dat wie in ein genietsje der fan en kom soun wer thus, die spits ut Tsom wurd dochs neat. -
26 Januari 2008 - 07:07
JM, JS, AP En HS:
Sjaarda fijne fent, alles gjit lekker mei dy sa te hjearen. Hast de dames finale al sjoen, fijne wiifkes of net???!! Wij sitte der ien eltsgefal fol fan! Graag soene wij lekkere foto's sjen wolle?! Wij ha krekt een prachtig wiekje oan it skien west ien it allemachtigste male plakje Vail,CO. We ha ien e gaten dast langer bliuwe sist, is it froulijke gezelschap sa fijn? Moarn sil wij use friese freontsjes wer dumpe op 't airport. Mooi dit wie it foar no, wij sil no ff een kald pilske nimme. Oant oer een pear moane.
xxxxxxxxxxxx en nog folle meer fan dyn friese freontsjes ut Dallas/Forth Worth, TX, USA -
26 Januari 2008 - 10:56
Jan:
Hé Baar,
Do fertelst no wol allegear mooie ferhalen oer Australie. Mar hast wol yn de gaten wast hjir allegear misrinst no. In lytse update:
- DYS mist alle wedsryden fan de best fuotbaljende ploeg van Nederlan (s.c.h)
-AZ (tsiisboeren ut Alkmaar) stelle de doelsellingen by: "Als we bij de laatste vijf eindigen ben ik tevreden" aldus Van Gaal.
- Jan Stenekes moat hjoed fuotbalje en sil yn die wedstriid mar leafst 3 kear skore (de wedsriid is oer 2,5 oere)
- AZ docht foarstel oan de KNVB omtrint de play offs: "Nrs. 1 oantemei 9 striide om de eufa cup plakjes, Nrs. 10 oantemei 17 striide om foaronde Champ. L. en nr. 18 is wis fan dielnimming Champ. L.
-Jan Stenekes hat justerjun neat wun mei pokerjen. Syn 'freonen' funnen it nedig om in wiekein nei Center Parcs te gean, om sa mei syn allen in strategie te betinken om Jan fan it miljonairskap of te halden. (Tink dat mar!)
-Alves spant in saak oan tsjin AZ. Hjir hoeft gjin utlis by, is sa wol grappig genoch!
-Last but not leased(mar wol kocht). Feyenoord hat in Landschaap kocht. Ik bin net hielendal wis werom, mar ik tink om de gersmatte yn de kuip wat yn de koartsjen, as ze dan oan ien genoch ha betwiefelje ik. Se ha nog in pear dagen om der nog ien as twa by te keapjen.
Ik ha nog folle mear dingen, mar dat yn de folgjende update!!
Vette groeten!!
-
27 Januari 2008 - 15:29
"TERPSTRA":
Hallo Dirk-Yde
Via de site van de KNKB zijn we hier bij jou tercht gekomen, leuk hoor om te lezen hoe het je daar vergaat.
Hier op "Zonnehoek"gaat alles gewoon z'n gangetje, het feest van KNKB trainingen gaat van de week weer helemaal los.
De meiden vroegen zich af heb je ze daar ook al aan de kaatsbal?
groetjes en geniet volop want de tijd dat je daar zit is zo om!! van Terpstra's Zonnehoek -
27 Januari 2008 - 21:04
Sietske:
Hé Durk Yde in goeie reis tawinske yn NZ en fansels tige by tige datst sa goed op de fammen past hast. Groetnis Sietske en Gerben G
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley