Message 28: Wolkom thús!
Door: Dirk-Yde
Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde
12 September 2008 | Nederland, Amsterdam
Hiel snel nei myn oankomst op Schiphol, fielde it op de ien of oare manier wer hiel snel 'normaal' om wer thús te wezen. Oan de oare kant wie it ek wol wer apart om al dy bekende koppen wer te sjen en om wer op plakken te kommen wer't je hast in jier lang net west binne. In bytsje sweverig miskien, mar sa fielde it wol.
Mar goed, de herinneringen libje fierder. Derom ha ik mient om noch in oantal filmkes en foto's online te setten fan myn tiid yn Peking.
Ik hoopje dat ik jim hjir in bytsje fan genietsje litte kin. Ik ha dat der seker dien. Mar dat sil gjin ferrassing wêze. Ik sjoch dan ek mei ferskrikkelyk soad wille werom op de moanne augustus en alle oare moannen dy't ik fuort west bin.
No is it saak om myn libben yn Fryslan wer wat gestalte te jaan. Mar earst noch mar efkes in wike rêstich oan en noch in bytsje nei genietsje. Want dat is ek wichtig!
It alderbeste!
Dirk-Yde
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley