Goodbye Vancouver!
Door: Dirk-Yde
Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde
01 Maart 2010 | Verenigde Staten, New York
Ik seach nei Gerard Kemkers en koe waarnimme dat hy Sven noch hieltiten foarseach mei de nedige coaching. Mar drekt dernei koe ik ek sjen hoe’t Gerard troch syn knibbels sakke. In sms-ke fanút Nederlân wie dernei de befêstiging dy’t ik net witte woe, en eins ek noch hieltiten net witte wol! Sven Kramer wie op it toernoai wêr’t hy al fjouwer jier nei talibbe hie de ferkearde baan ynstjoerd troch syn coach! It is noch steeds net te beseffen.
Wat is dat dochs mei teloarstellingen? Faaks weachje de hichtepunten net op tsjin de djiptepunten. Bliuwe de teloarstellingen langer yn ús geheugen gegrift stean as de positive ferrassingen. Mar goed, we moatte troch, pffff....
No wol ik ek wer net te dreech oerkomme. Wy as taskôgers ha prachtige Spelen han! En it sit der alwer op! We ha juster offisjeel ôfskied naam fan ús Holland Heineken House en hjoed noch wat yn de stêd omhongen. Samme en ik stappe oer trije oeren yn it fleantúch nei New York, wêr’t we noch trije dagen ferbliuwe sille. Freedtemoarn om in oer as 11.00 hoopje we dan wer feilich te lannen op Schiphol.
Miskien noch in updeet fanút The Big Apple, mar gean der net fanút...
Oars oant freed!
DYS
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley