Olympic Winter Games? - Reisverslag uit Vancouver, Canada van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Olympic Winter Games? - Reisverslag uit Vancouver, Canada van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Olympic Winter Games?

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

22 Februari 2010 | Canada, Vancouver

Grut, grutter, grutst... Sa meie we it Holland Heineken House hjir wol typeare. Wat in romte, wat in drokte! En wat is dy romte dochs nedich om al dy minsken plak te jaan yn it fisitekaartsje fan Nederlân.

Om de chronologica in bytsje beet te hâlden efkes in koarte werjefte fan ús ôfrûne dagen hjir yn Vancouver. Omdat we de dagen nei de 1.000 meter fan de manlju gjin tagongskaarten hienen foar in evenemint, ha we in protte tiid trochbrocht yn it Heineken House om de ferskate wedstriden op it grutte skerm te sjen. Hjir wurdt gewoan útstjoerd troch de NOS, dus itselde fan wat jim op televyzje sjogge. Dêr ha we dus ek de gouden ritten fan Mark Tuitert en Ireen Wüst sjoen. Prachtich om te sjen hoe’t de Hiele seal yn freugde útbarst nei it beheljen fan it goud!
Wêr’t we yn Beijing in gouden stropdas omdienen nei it winnen fan in gouden plak, ha we hjir yn Kanada gouden prúken om op te dwaan. Dat lûkt dan nochal wat bekijks, dat soarget der dan ek foar dat we dernei tsientallen kearen frege wurde om mei omstanners op de foto te gean. Dat binne net allinnich Nederlanders, just net!
It HHH wurdt hjir oerstroomt troch bûtenlanners, en dan foaral Kanadezen. De lokale media ha al aardich wat oandacht besteedt oan it Dutch-house. Sels waard ik ek noch oerfallen mei in televyzje ynterview foar de nasjonale stjoerder! Troch al dy oandacht is it razendpopulair wurden foar minsken om in besite te dwaan oan it HHH. Sá populêr, dat net-Nederlanners wol 3 (!) oeren yn de rij steane om binnen te kommen. Wy as kleare Hollanders ha gelokkich net te krijen mei dit fenomeen omdat der foar ús in aparte yngong is. Positive diskriminaasje sis mar...

Justerjûn (sneintejûn lokale tiid) ha we noch nei de iishockeyswedstriid west tusken Sweden en Finlân. Fannemoarn wie it betiid út de fearen om nei it ski-springen te gean foar lannen teams. Dit is yn in wintersportplak sa’n 2 oeren bûten Vancouver wat lústert nei de namme Hister. Hjir seagen we Eastenryk it goud mei nei hús nimmen. Erch moai en apart om hjir ris tsjûge fan te wêzen. Ik ha in stik mear respekt krigen foar dizze mannen. Op televyzje sjocht it der al spektakulair út, yn it echt sjogge je pas echt hoe it der oan tagiet.

Sa at jimme miskien ek wol op de foto’s sjogge is it waar hjir werkelik prachtich. Mei in graadsje as 10 oant 15 ha we hjir absolút net te klaaien. Ôfrûne wike kopte de krante hjir al mei de wurden; Olympic Winter Games? Mei fansels de klam op it fraachteken.

Oant safier mar wer! Moarn binne we by de 10 kilometer foar manlju. Fansels hoopje we, en geane we der ek wol in bytsje fanút, wer op goud en wer in huldiging jûns yn it HHH mei in optreden fan net ien minder as Guus Meeuwis. Wat kin it libben dochs hearlik wêze...



DYS

  • 23 Februari 2010 - 13:44

    Milco:

    Mooie foto's ouwe! Zijn die met die mooie jongen van je genomen die je in nz hebt gekocht? Doe de groeten aan alle konijnen en ik volg jullie met heel veel jaloezie!
    Xje vanuit het koude 020

  • 23 Februari 2010 - 15:04

    Wilma:

    Hé feestfierders!

    Jim falle wol op mei jim gouden prúken. Hooplik kin se jûn wer op wannear 't Sven goud wint! Wat in feest sil dat wurde yn it HHH mei Guus!

    Gr Wilma

  • 23 Februari 2010 - 18:26

    Klaas En Baukje:

    Mei nocht it ferslach wer lêzen en de foto's sjoen. As it dec. wie koenen jim sa de krystbeam yn. Mar dan fêst net ien dy't yn é hoeke fan é keamer stean bliuwt. We hope dat de prùk joun wer op kin.
    Skreau se der hinne !!!

  • 24 Februari 2010 - 09:21

    Anke:

    Hey heren,

    Erg jammer van ons gouden plak op de 10km.

    Maar op de foto's te zien vermaken jullie je daar prima in Vancouver.

    Groetjes van Terschelling

  • 27 Februari 2010 - 08:27

    Hink:

    Hearlik yn it sintsje der foar it HHH. It lykje wol de simmerspelen. Mar wat wer in dei juster.
    Foar Sven in bokkeprúk mar gelokkich koe foar Nicolien (nog nea fan heard, mar wat in "wij"gefoel ha "wij" dan) koe dochs nog de gouden prúk op!!!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Canada, Vancouver

Vancouver 2010 Olympics

Recente Reisverslagen:

01 Maart 2010

Goodbye Vancouver!

22 Februari 2010

Olympic Winter Games?

19 Februari 2010

De earste dagen yn Vancouver

16 Februari 2010

Let the games begin!

01 Februari 2010

Vancouver 2010 Olympics
Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 568
Totaal aantal bezoekers 130110

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: