Message 17: Kia Ora!!
Door: Dirk-Yde
Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde
08 Februari 2008 | Nieuw Zeeland, Auckland
Ja, jim lêze it goed! Foar it earst yn myn skiednis ha ik de beskikking oer myn eigen auto. Yn Nederlân is it noch nea nedich west om ien oan te skaffen, mar as backpacker moast it der dochs ris fan komme. Al siet ik earst wol wat yn twifel, moat ik der drekt by sizze. Ik siet by in travel agency hjir yn Auckland en de earste fraach dy se my stelden wie hoe’t ik my foartbewege soe. De keuze gong tusken in bustrip of in eigen auto. Ik wie der doe noch net út. Mar doe’t ik de jûns mei in heuse kiwi (bynamme foar in Nij-Seelander) oan de praat rekke en hy my útdruklik advisearre om mei in auto rûn te reizgjen, joech dat my dat it leste drukje yn de goeie rjochting. Sadwaande bin ik ferline wike freed de 1e fan febrewaris rjochting de backpackers carmarket strúnt. Binnen in kertier wie it klear; in echte Subaru (it type is my ûnbekend) út it jier 1986 foel my ten diel. Foar in bedrach fan mar $ 950,- (+/- EUR 475,-) waard ik de trotske eigner fan dizze bak, noch wol in 4WD!
Bepaald gjin falske start fan dizze trip, mar om de chronologica fest te hâlden. Hjir it ferhaal fan it begjin oant it einde.
Mei rom twa oeren fertraging ferliet myn fleantúch Melbourne om of te setten nei Auckland, Nij-Seelan, brân lûde de oarsaak. Lokkigernôch betrof it in lyts brântsje, mar it soarge der wol foar dat ik ‘iets’ letter dan plant foet oan wâl sette yn kiwi-lan. Mar fluch troch nei it hostel, it Auckland Central Backpackers. Dat soe myn thúsbasis wêze foar de earst kommende dagen. Dizze earste dagen stienen foaral yn it teken fan: Wat sil ik hjir yn N-S dwaan? Fan in strakke tarieding wie dus gjin sprake. Ik begong my wat yn te lêzen yn alderhande folders en bledsjes, wêrûnder fansels de Lonely Planet. Doe’t ik in bytsje útsocht hie wat ik allegearre dwaan wol, kaam item ferfier oan de oarder. It ferhaal is bekend....
Omdat ik moandeis pas de auto ôfhelje koe en om dochs ek wat fan de stêd te sjen bin ik de Skytower yn klommen. Lykas yn Sydney in toer wêr’t hja in prachtich útsicht ha oer de stêd, seker de muoite wurdich.
Ôfrûne snein wie it wer ris tiid om in baltsje te traapjen. Dekôr dit kear wie it Victoria Park yn Auckland. Mei mar leafst 18 fuotballers en hast ek safolle nationaliteiten ha ik mysels flink yn it swit jaait. Noch steeds op bleate fuotten, wat helaas wol as gefolch hie dat ik in grutte blier ûnder myn foet hie. Gjin oanrieder kin ik ynmiddels út erfaring sizze.
Moandei noch efkes snel it pleatselike museum binnenrûn om wat Maori-kultuer op te snuven en dernei fluch troch nei de autogarage foar myn auto. Hielendal opknapt mocht ik him meinimme foar myn aventoer. It échte aventoer wat tiisdei begong mei trije passagiers.
Op myn tredde dei yn N-S kaam ik yn kontakt mei in Kanadees, neamd Tim. Al snel kamen we der efter dat we ûngefear itselde yn gedachten hienen foar de earste wike; it hege noarden fan N-S ferkenne, oftewol The Bay of Islands. Fia deselde Tim kaam ik yn oanrekking mei Jeff, út The United States of America, Chicago om presys te wezen. Ek hy hie der wol earen nei om mei te gean. As leste kaam ‘âlde bekende’ Roel Bosma om de hoeke sjen. De Roel wêrmei ik yn it begjin fan myn reis noch yn twa wiken fan Sydney nei Brisbane reizge ha. Noch mar krekt oankaam yn N-S, sprong hy ek yn de auto foar in lytse wike ‘The Bay of Islands’.
Tiisdei de 5e
Moarns om in oer as 11 lieten we Auckland foar wat it wie en setten we of rjochting Cape Reinga; it meast noardelike puntsje fan N-S. Al snel kaam ik derefter wat foar in prachtich lânskip N-S hat. Prachtige beboske heuvelachtige sceneries waarden ôfwiksele mei yndrukwekkende rotsformaties lâns de kust. De route gong fia Pahia rjochting Taupo Bay, in pittoresk plakje oan de kust mei in prachtich lyts strân. Jeff hie in surfboard meinaam (it passe noch mar krekt yn de auto), sadwaande koene we noch wat oan ús surfskills wurkje. Dernei wie it tiid om ússels oan in wolfertsjinne diner te ûnderwerpen. Dit betrof in bbq-pakket dy’t we boargemaster makke ha yn it toiletgebou (!) lâns it strân. Dit klearmakke op in gaspit dy’t we de middeis oanskaft hiene.
Wy hienen yn goed oerlis besluten om in nachtsje frij te kampearen. Jeff en Tim hiene tinten mei. Sa parkearden we tsjin middernacht de auto by de grutte sanddunes tichtby Cape Reinga. Hjir soenen we de folgende dei sandboarde. Oftewol op in bodyboard (lyts surfplankje) fan de reusachtige dunen ofrace.
Woansdei de 6e
Foardat we de dunen besteige soene mei ús plankje binne we earst moarns earst nei Cape Reinga riden, it heechste punt fan N-S wêr’t de Pacific Ocean de Tasman Sea elkoar moetsje. In prachtich útsicht, mei alles der op en deroan. Prachtich om te sjen! Mar dernei wie it tiid foar wat adrenaline troch it lichaam; sandboarde. Mei hege snelhyd fan de dunen of. En oan snelhyd gjin gebrek, mar de reis omheech is just de helske rit. Der binne net, lykas in wintersportgebied, kabelbanen dy’t hja wer keurich boppe-oan de berch set. Nee, dit kear moasten hja sels yn is losse san omheech sjen te kommen en dat foel net mei. Mar dat mocht seker de pret net drukke, want we ha ús poerbêst fermakke!
Jûns stoen der in hostel op ús te wachtsjen yn Pahia, in kustplakje by The Bay of Islands; sa at de namme al docht fermoeden in samling eilannen lâns de kust. Op de weromreis binne we noch op Ninety Mile Beach yn it wetter sprongen. Der waarden we troch in 'local' op it idee brocht om op it strân mossels te raapjen foar ús diner. Zo gezegd, zo gedaan... Wy mei ús fjouweren mei de hannen troch it san oant dat we op it lest in flink oantal mossels tot ús beskikking hiene. Dat wie dus ús miel foar de jûns. Nei noch efkes it nachtlibben fan Pahia te ha besjoen gongen de eachjes om in oer as 03.30 ticht.
Tongersdei de 7e
Foar 10.00 oere moasten we it hostel wer útwêze. Dus in redelyk koarte nacht wie it resultaat. Mar net minder opgewekt begongen we oan de nije dei. Dizze dei ha we besteden yn en op it wetter by Pahia. Mei in boat én in kajak (Tim is gek fan kajakken) binne we it wetter oerstutsen wêrnei we op in eilân te plak kamen wêrfan we hast it strân, mei prachtich helderblau wetter, foar ús allinnich hiene. Ik waande my hast op in ûnbewenne eilân...
Jûns binne we troch riden nei it Waipoua Forest wêr’t de grutste beammen fan N-S groeie, kauri’s. Dit soene we de deis dernei besjen. Earst moasten we in plak foar de jûn hawwe om te oernachtsjen. Dit waard uteindelyk in stikje gers op in private property, mar der kamen we pas de moarns efter...
Freed de 8e
Mei in pear lûdkreten waarden dizze moarn wekt. It wie de pleatselike bewenner dy’t ús fannemoarn om 07.00 oere de tinte út ropte. Hy fûn it gjin probleem dat we de nacht dêr trochbrocht hawwe. Mar hy hie dochs graach dat we ús wei ferfolgden foardat hy nei syn wurk gong. Gjin probleem fansels en sa kamen we nei in lyts skoftke riden út by de grutste beam fan N-S; Tane Mahuta (The Lord of the Forest). In namme om bang fan te wurden.
Noch gjin twa kilometer fjirderop stienen der noch in pear reuzen. De ‘Four Sisters’ en de dikste beam fan N-S, Te Matua Ngahere, mei in diameter fan mear as 5 meter. Dizze leste wurd ek wol de ‘Father of the Forest’ neamd en is warskynlik al mear as 2000 jier âld.
Nei dizze attrakties binne we wer ôfsetten rjochting Auckland, wêr’t ik my no ek wer befyn yn it ACB-hostel.
Moarn gean ik rjochting de Waitomo Caves en dernei nei Rotorua. Moandei gean ik troch nei Taupo wêr’t ik warskynlik deselde dei noch skydiven gean fan sa’n 5 kilometer hichte. Dat moat wol in erfaring wêze om noait wer te ferjitten. Dizze reis sil ik foarearst wol yn myn ientsje dwaan moatte. Tim, Jeff en Roel bliuwe earst efter yn Auckland. Se ha krekt wat mear tiid as my, mar miskien mei ik se oer in tiidsje wer begroetsje. Dus ik sil wer op syk moatte nei nije reismaten. Mar dat mei hast gjin probleem wêze.
Mocht ik de frije fal fan moandei oerlibje dat meie jimme folgende wike wer in nij ferhaal fan my ferwachtsje. Wer tige tank foar jimme reaksjes, ik tink ek oan jim!
Oant de folgende kear!
DYS
-
08 Februari 2008 - 10:43
Marike:
Super, prachtig, skitterend, it begint wol te kriebeljen by my. Folgend jier hoop ik der te wezzen!
Soat plesier noch, genietse der fan!
Groet ut Balk, Marike. -
08 Februari 2008 - 10:54
Janny:
hmmm..klinkt hiel goed dere!! No wol ik ek foto's sjen!!! xx Janny -
08 Februari 2008 - 10:55
DYS:
Restich oan, se komme deroan.......
;) -
08 Februari 2008 - 12:24
Dirk:
Hey Tjaarda,
Fantastisch om dien ferhalen te lesen, alline mis ik de leste wieken de resultaten fan die ploegje ut Rotterdam.
Bist der net mear fan op de hichte of is it net mear belangriek.
Ast net ienformeare bist, kin ik die fertelle dat it wat berg ofwaarts gjit mij SCF.
groetnis -
08 Februari 2008 - 16:49
Yldau:
Hey Dirk-Yde!! Bist yn it moaie Ny Sealan kaam!! Wat is it in bysunder lan he!! No hast al de eagen utsjoen, mar wacht mar ôf wat ast allegear noch sjen giest!! Echt sa super moai! Ik ha de skydive ek dien, hielendal net eng, mar hiel geweldich! Geisers, gletsjers, abel tasman park walks, tongerero crossing, (tip!!), pinguins, dolfijnen en sa noch in hiel soart oare dingen dyst do sjen giest!! Hiel protte plesier en ast noch ris in fraach of tips om te sjen nedich hast, stel mar!
Groetnis Yldau -
08 Februari 2008 - 22:43
Ank En Douts:
Ha durk!
Moai ferhaal. Wy reizigje efter dy oan. Allinnich mei in wat utgebreidere route. Wy sitte no yn Kaitaia. Efkes mail checke en dyn ferhaal leze. Wy sille moarn ek de bosken yn. Bay of Islands is moai hin?! En Cape Reinga, skitterend! Hest al in soad oan't rinnen west?
Wy hike hjir else dei, machig!
Misk. dat we dy tsjinkomme, je witte it noait!
Leafs dyn alde reismaten fan OZ. -
14 Februari 2008 - 16:39
Jan:
teletekst: 819
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley