Message 1: My first week!
Door: Dirk-Yde
Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde
11 Oktober 2007 | China, Peking
Tsjah, der steane hja dan op Schiphol Airport. It is tongersdei 4 oktober, fanôf no wurdt it dan eindeliks allegearre werkelykhyd. Aanst mei in tweintichtal reisgenoaten it fleantúch yn en dan pas wer foet op Nederlânske bodem sette ergens yn april/maaie 2008. De reis giet earst nei Hong Kong, dizze flucht beslaat 12 oeren. Dernei ha we mar leafst 16 oeren te besteden yn dizze Aziatyske metropoal foardat it fleantúch syn reis ferfolget rjochting Sydney. Dizze flucht duorret dan noch sa'n 8 oeren. Yn de rij foar it ynchecken kom ik drekt in oprjochte Frys tsjin, Roel Bosma, út Weidum ek noch wol. Hy is ek mei dizze trip mei. Sa kin ik moai myn Frysk taalgebrûk op peil hâlde en kom ik net mei in Australisch accent werom!
Oer de flucht kin ik koart wêze; foar minsken mei myn lingte is it net oangenaam reizgjen. Ek Hong Kong wie net om oer nei hús ta te skriuwen. Ek hjir wol ik eins net tefolle wurden oan smoarch meitsje. Want smoarch wie it yn Hong Kong! De muffe oerhearskjende geur hong my al nei 2 sekonden de noas út. Derneist wie it ek nochris drukkend waarm. Dit alles soarge foar it net echt posityf totaalbield fan dizze miljoenenstêd. Gjin oanrieder wat my betreft. We ha dy dei noch wol in citytour dien en dat wie it dan ek. Foar de rest ha we noch hiel efkes sliepe kinnen yn ús 'hotel' dêr.
Derom no mar snel troch nei Sydney! Jim wolle fansels ek wol wat positivere ferhalen hearre. De muffe Hong Kong-geur hie plak makke foar de frisse Australische wyn. Yn ien wurd: hearlik! Jammer wie wol dat ik der net echt op klaaid wie. In lange broek en twa shirts binne no net echt geskikt foar in temperatuer mei de simmerske waarde fan 28.
Mar dat mocht de pret net drukke! We wienen der eindeliks! We waarden fan it airport ôfhelle troch twa dames fan Australian Backpackers -de organisaasje wêrmei ik reizgje-. It ferfier gong drekt troch nei it gesicht fan dizze prachtige stêd: The Sydney Opera House. Dit gebou stiet symboal foar Sydney en miskien wol foar hiel Australië.
De rest fan de dei ha we net tefolle dien. Jûns wie der in barbecue mei de hiele groep wêrnei we de kroech yn dûkt binne oant yn de lette oerkes....
Doe wie it ek alwer snein. Mei noch net tefolle sliep yn it lichaam setten we troch nei in prachtich moai park hjir yn Sydney: The Royal Botanic Gardens. Der ha we genoaten fan it útsicht wêrnei we in boattocht makke ha rjochting in strân. Der ha we mei de hiele groep oan it picknicken west. En dat is iets wêr’t se hjir hiel goed yn binne neffens my; picknicke en barbecue. Jûns wie der noch romte om gesamenlyk te iten. Der ha we dan ek mar gebrûk fan makke.
Doe’t ik dernei foar it earst efter ynternet sitten gong kaam my ek al snel temjitte dat myn SDS mei mar leafst 8-0 wûn hie dy sneons. It giet dan wer oer fuotbal. Gean sa troch soe ik sizze, jim ha my hielendal net nedich!!! By it wurd SDS tinke se hjir yn OZ oan hiel oare saken.... Check de foto soe ik sizze!
Moandei waard foar ús in echte 'regel'-dei. We moasten in bankrekkening iepenje, der moast in Medicare-paske (dat is foar de ziektekostenfersekering) oanfrege wurde, plus dat we ek noch nei it Travelers Contact Point moasten. Dat is in bureau spesjaal foar reizgers as my. Der komt ek myn post oan, mochten jimme dat wolle. (Tip...!!!) Oh ja, miskien is it dan ek wol handich om myn adres te jaan:
Dirk-Yde Sjaarda
TCP# 11217
Travelers Contact Point
Level 7, Dymocks Building
428 George Street
SYDNEY NSW 2000
Dernei bin ik ek mar drekt trochsetten om in telefoannûmer te bemachtigjen. Op nei de Vodafoneshop yn de buert. Jim kinne my hjir belje en smse op nummer: 0061 4 24403861. Tink a.u.b. wol efkes om it tiidferskil mochten jim my wolle belje. It is hjir namelyk 8 oeren letter as yn jim kâlde kikkerlandsje...
Doe wie it fansels ek alwer tiid om ris yn it park te picknicken wêrnei it paad troch gong nei in Carmarket. Hjir krigen we wat tips foar de oanskaf fan in auto. Hiel handich! Ik tink dochs dat ik tidens myn trip myn earste eigen auto keapje sil! Lekker frij en eigen baas wêze, liket my hearlik!
The Blue Mountains, dat stie sintraal op tiisdei. Mei in buske waarden we oppikt: op nei de kangoeroes! Dit National Park leit eins krekt bûten Sydney en stiet bekend om de prachtige lânskippen. Yn prinsipe hoech ik der net soad oer te fertellen, de foto's sprekke foar sich. Prachtige natuer mei tal fan lytse én grutte wetterfallen. Gewoan geweldich moai om soks te oanskouwen. We ha der sels ek noch in deadelike slang spotten. Miskien kinne jim him ûntdekke op ien fan de foto's. Bin benijd! Oan'e ein fan de middei ha we ek noch efkes op it Olympysk Park west, ek wolris leuk.
Ien kear wer werom kommen yn it hotel waard de reis wer trochsetten nei The Gaff, dat is in hiel populaire backpackerskroeg. Dit komt foaral omdat der it iten gratis is oant 21.00 oere, derneist is der ek noch in happy hour mei gratis drank fan 21.00 oant 22.00 oere. En alles wat gratis is, der binne wy as backpackers (mei in lytse beurs) gek op!! It feest gong troch nei The World Bar. Ek hjir binne genôch foto's makke, dy wol ik jim net ûnthâlde, te gek foar wurden gewoan......
In bytsje Australiër kin golfsurfe. Fansels moast ik dat ek ûnder de knibbel krije, dus wie it woansdei heech tiid om dat ek ris te ûnderfinen. Mei noch gjin 3 oeren sliep yn de bealch op nei Palm Beach! wat oseaanwetter op'e kop die wûnderen en it surfen gie op sich best goed. Middeis waard it pas echt leuk doe't de golven wat heger waarden. In te gekke erfaring dy't seker in ferfolch krije sil yn de kommende tiid.
No is it alwer tongersdei en sit myn earste wike derop. Hjoed ha'k net in soad dien. Útsliept oant (jawol) 12.00 oere. En dat wie heech nedich ek. Ik wie echt dea-op nei sa'n wike. Ik tink dat it op-stap-gehalte de kommende dagen efkes wat nei beneden sil. Dit om jild én energie te besparjen.
Wat de kommende wike my bringe sil wit ik noch net hielendal. Ik bliuw hjir earst noch in pear dagen yn Sydney. Dernei sil ik tink ik myn heil wat noardeliker sykje rjochting Brisbane. Dat leit sa’n 1000 kilometer heger as Sydney en dêr is sadwaande ek wat waarmer. Boppedat leit der Surfers Paradise der ek yn de buert. Dat skynt in walhalla foar surfers te wezen, sa kin ik moai oan myn surfersskills wurkje.
Fansels moat ik op 1 desimber wol wer op tiid werom yn Sydney wêze om op it fleantúch te stappen rjochting Nieuw-Zeeland. Der kom ik ein jannewaris wer wei om dan at it in bytsje meisit per auto de East-coast bylâns te gean rjochting Cairns.
We sille it sjen!!
Earst mar ris oant safier. Dit is sa stadich ek alwer in hiel ferhaal wurden. Wat ik noch wol efkes kwyt wol is dat ik eltsenien nochris hiel erg bedanke wol foar jim reaksjes via sms, post, e-mail, hyves, waarbenjij.nu. Ik ha it hiel erch wurdearje kinnen dat jim sa goed om my tinke. DANKEWOL!!!
Oant folgende wike!!
Mei in Australische groet,
Dirk-Yde
-
11 Oktober 2007 - 14:59
Mirije:
hee d-y wat een leuk verhaal zeg. Je hebt een beste reis gehad. Ik ben nu al jaloers op je aan de mooie foto`s te zien. veel plezier en vooral genieten!!
liefs mirije -
11 Oktober 2007 - 16:26
Wilma:
He broerke,
Wat hast prachtige foto's makke!! Wat in moaie natoer der. It is wol te sjen dast it nei dyn sin hast. Rustich oan mei de sapjes hé.....
Gr Wilma -
11 Oktober 2007 - 16:58
Mem:
Fijn dat we wat horen en zagen wat een mooie foto's geniet er van en pas goed op jezelf
tut mem -
11 Oktober 2007 - 18:11
Karin:
Hé D-Y,
moaie foto's man! Net witten dasto each hiest foar natoer; blommen en bisten.... Fyn om te lêzen dat it goed mei dy giet. Hjir is it noch net sa kâld hjer. We meie net klaaie mei sa'n hjerst. -
11 Oktober 2007 - 19:24
Jan, Lisanne, Marij:
He rukker,
Bist der moarn ek te kaarten? Tink mut mar even heare want ik koe dy net berikke op dyn mobiel.
Machtig mooi der man, ik tink dast nei 4 wike wol wer (blut) nei hûs kinst. Geniet der fan!
P.s. Moest van Marije seze:"Duwk ywe, Duwk ywe!"
We heare!! Groeten us! -
12 Oktober 2007 - 09:39
Janny:
Oars makkest us ff jaloers ofsa mei dyn ferhalen....haha, sjocht d'r best genoch ut!! Gean sa troch soe ik sizze :-) :-) Tot de volgende kear! xx Janny -
12 Oktober 2007 - 09:59
Helga:
He Dirk-Yde
Wat een prachtig ferhaal en foto's wat hast al een soad belibbe yn sa'n koart skofke tiid. Ik soe sisse genietsje der fan.
Gr Helga -
12 Oktober 2007 - 11:07
Samme:
Yoh, Baarda
Leuk stikje hast skreun..
Goeie saak dast nei een wike al san soad dingen dien hast. Mar ik mut mien complimenten jan oer dy prachtige foto's', wist net dast san each hiest foar dy moaie natoer!! Mar soe sisse have fun gjit dy goed.
dikke tut
-
12 Oktober 2007 - 13:11
Doutsen:
He dy!
Leuk ferhaal. Super, nog even een lyts stikje fan hongkong te sjen. Wat in oare wereld he.. Geniet. En wa wit meete we.
Folgje dy fansels
x -
12 Oktober 2007 - 14:49
Tsjalling:
Hé Sjaarda,
Mooi stukje!Echt dat natuurpark heb je er prachtig opgezet alleen kan je wat je ziet nooit echt op de foto krijgen!
Dan kom je echt in één keer in een andere wereld van de wolkenkrabbers van Hong Kong en Sidney naar de waterfalls!
Bier en chickies heb je ook al weer ondekt zie ik!Kin net better!
Veel plezier!
Groeten Tsjalling -
12 Oktober 2007 - 15:43
Wypkje:
Sa te sjen sjocht it er geweldig ut der oan de oare kant fan wrald! Ost do elke wike sa folle foto's makkest dan wurd it in hiiieeeel dik plakboek! Folle plesier it kommende jier! Ik hald dyn ferhalen yn'e gaten!
Groetsjes Wypkje
-
12 Oktober 2007 - 16:15
Elisabeth Tienstra:
Ik ha krekt mei Helga dyn foto's sjoen.
Prachtiche foto's.
Do hast it sa te sjen wol nei dyn sin.
it sil wol soms moeilyk wurde om sunder dyn freondinne te wezen. Mar no hast sa te sjen wat oare freonen. Prettige tiid tawinske. We binne benyd nei dyn folgjende ferhaal en foto's
Groetnis fan Johannes,Elisabeth, Harmjan en Mirjam -
12 Oktober 2007 - 17:14
Tineke:
hee DY, wat een verhaal en foto's... leuk man! do sist der mooi te plak! geniet derfan!! -
12 Oktober 2007 - 21:33
Martina:
Sooo sis, dat wie in hiel ferhaal en in prachtige serie foto's. Dat belooft noch wat foar de rest fan dyn tiid 'Down under'. Genietsje derfan en meitsje ús mar lekker jaloers....
Ciao -
13 Oktober 2007 - 05:48
Jitske:
Hey DY,
No ik ha dyn stikje ek efkes lezen hjer. Myn Frysk skruiwen is net sa goed, mar ik doch myn best! Goed, als je wat wilt weten over de kust of de rest van Ozzie, laat het me weten, heb het merendeel wel gedaan, en zeker hoge hoogtepunten en minder gezien! Gr Jitske -
13 Oktober 2007 - 10:00
Janny Van Der Molen:
Hey Durk-Yde,
Site gelezen. Erg leuk. Van Jitske gekregen, die ik natuurlijk ook volg. Geniet van je tijd in Aussie.
Jitske's mem -
14 Oktober 2007 - 10:04
Immie:
Hoi Dirk Yde
We ha dy mist juster by SDS. Mar wol leuk datst SDS Down Under ek al fûn hast.
Have a nice time!
Gr. Immie Kamstra -
14 Oktober 2007 - 10:19
Linda T:
Wat een geweldig verhaal,krijg de kriebels alweer om gewoon terug te gaan. eerste week is idd erg zwaar haha, maar vanaf nu kun je gaan genieten.
surfers paradise? hmm maak je klaar voor de hippies, surfdudes, alcohol etc...dit was zeker niet mijn paradijsje maar goed voor een ieder is dat weer anders, mijn aanrader Byron Bay!!!!zeker niet overslaan op je trip aan de oostkust.en natuurlijk Fraser island, daar heb ik echt een geweldige tijd gehad zoooo mooi!!!maar daar zal je vast en zeker heen gaan!
heel veel plezier nog in sydney en succes met het vervolg van je trip.
als je in nieuw zeeland bent heb ik nog wel heeeeel veeeel mooie tips voor je.
nou geniet ervan
tut linda T -
14 Oktober 2007 - 23:11
Hessel & Jelle Minne:
Ha sjaarda jonge, alles best mei dy kin ik sa leze. Hjir ek alles best mei us, tink dat we ongefear fan deselfde temperaturen geniete (85 fahrenheit)?? Us internet is hjir echt behelpen, dus die bergen foto's te besjen slagget hjir net, komt letter wol. Mar hoe sit it no mei de plannen, komst do hjir nog of moat wij ouwdale beneden de evenaar?? Haha we sjoch wol hoe it rint, wij sil ien ieder geval eerst nog wat arbeite hjir. Succes der en net tefolle supe, doch wij ek net... We halde contact.
Groeten fan us -
15 Oktober 2007 - 05:35
Jitske:
Om even op Linda haar advies in te gaan.. Byron Bay is echt super. Meer een paradijs dan Surfers zou ik zeggen! Sla het in ieder geval niet over op je weg naar het noorden.
TUT Jitske -
15 Oktober 2007 - 06:53
Margriet:
Hey ex-trainer! No do kinst dyn matsje wol wer groeie litte sa te sjen. Past moai op dyn surfboard!! Haha. Mar alles sjocht der moai ut, myn complimenten foar dyn artistieke en skerpe foto's! groetnis ut Down Boppe!! Tut, M
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley