Message 20: Good times, bad times... - Reisverslag uit Invercargill, Nieuw Zeeland van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 20: Good times, bad times... - Reisverslag uit Invercargill, Nieuw Zeeland van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 20: Good times, bad times...

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

31 Maart 2008 | Nieuw Zeeland, Invercargill

It bart net eltse dei op mei dyn namme yn de krante te stean, lit stean oan de oare kant fan’e wrâld hielendal yn Nij-Seelan. Dochs is it my slagge. Hoe? Dat lit ik jim aanst witte. Boppedat sit myn wurktiid der hjir no offisjeel op. Ik ha ôfrûne wike noch foar in oare boer oant wurk west, in fan oarsprong Fryske boer út Boalsert ek noch wol. Dit betekent dat ik sûnt ôfrûne sneon my wer op oare saken (les: reizgjen) stoarte kin. Mar eins krekt op it momint dat ik der fantroch soe hâld myn auto der mei op. Koartom in ferhaal mei wat tsjinslach, mar ek mei in moaie kant. Dit yn a-chronologische folchoarder, mar dan krekt wer oars om...

Ik wie earst fan plan om ferline wike moandei der fantroch te gean en wer werom rjochting Queenstown te gean. It kaam wer ris oars. De boer wêr’t ik mei yn kontakt kaam fia in advertentie yn de ‘Boerderij’, alwer hast in jier lyn, hie noch ien nedich op syn farm. Hy (en syn frou) komme oarspronklik fan Boalsert en binne Hans en Siepy Hoekstra. Dit betekene echter wol dat ik myn ticket rjochting Australie wer ris fersette moast (stiet no op 9 april) en myn plannen dus wer oanpasse moast. Mar omdat ik hjir al aardich beöefene yn wie, wie dit gjin probleem. Dus ferhuze ik op freed, oardel wike lyn, nei Frisian Farms wer ik tegearre yn in huske kaam mei in oare Nederlânske jongen, Bart Fonken (www.bartfonken.waarbenjij.nu). Hy wurket hjir al sûnt augustus ferline jier en wennet yn in huske dy’t 5 jier lyn bout is en wat dus logischerwiis yn in bettere staat ferkeard as it huske wer ik de foargeande 4 wiken trochbrocht ha. In oare keardel dy’t hjir ek wurket, ek Nederlânsk, Daan Jansen, wie doe op fakânsje nei Australië. Hy is in - sa at hy himsels neamt - frysk pratende Limburger. Dat komt omdat er sa'n trije jier ferkearing han hat mei in Wind ut Pingjum. Mar dat ter side, ik kaam dy wike foar him yn it plak.
Derneist hienen Hans en Siepy ek famylje op besite fanút Nederlân en woe der ek tiid mei trochbringe fansels. De buorkerij bestiet lykas by myn foargeande baas ek út sa’n 500 kij. Wer bestoen myn foarneamste taken út it twa kear deis melken, wat ik ynmiddels wol went wie.
Op ferline wike tongersdei die mar wer ris bliken hoe lyts de wrâld is. Ien fan de minsken dy’t op besite wie, wie doe jierdei. It wie in Heiko (efternamme is my ûnbekend) út Heech. Aant Hofstra moat him kinne, want it is in kollega fan him. Ik waard tegearre mei Bart útnoege om te lunchen by Hans en Siepy dy dei. Der yn de hús sieten noch in 5-tal oare minsken hjir út de omjouwing en..... allegearre Friezen! Sa siet der Arnold Wiegersma; hy hat noch tegearre mei myn heit op de lânbouskoalle sitten (kin heit him noch). Derneist kaam der ek in Sjoerd van der Werf lâns. Hy skynt goeie kontakten mei ús bueren, Hindrik Kuiper, ta hawwen. Sa at jim wol begripe wie it ien grutte Fryske oangelegenhyd, wêr’t helaas Bart neat fan folgje koe; hy komt út Brabân....

Freed wie myn leste wurkdei. Daan wie wer werom kaam fan syn trip, plus dat ik sneon frij ha moast. Sneon wie de dei fan myn earste fuotbalwedstriid sûnt SDS – Broekster Boys fan 22 septimber ferline jier. Sa at jim witte bin ik al in pear wiken lang twa kear per wike oan it trainen by de Old Boys 1 yn Invercargill. Omdat se hjir yn de tarieding sitte fan it seizoen hiene se ôfrûne sneon de earste oefenwedstriid fan it jier wêryn we it opnimme moasten tsjin Waihopai 1. En ik mocht meidwaan!
Ik miende dat ik nei in pear wiken trainen klear wie foar in wedstriid, mar miskien wie drekt de hiele 90 minuten krekt wat te folle fan it goede. Mar ik mei absolút net klaaie, want it gong best goed. We ha mei 2-0 wûn én ik ha skoart. Derby wie it ek noch in goal dy't seker yn myn eigen top-3 stiet.
Ik begong de wedstriid as spits. Nei in kertierke kamen we op foarsprong, wêrnei ik sa'n 10 minuten letter de 2-0 oantekenje liet; in lob oer de útkommende keeper. Dernei krych ik noch in pear lytse kânskes, wêrûnder in frije traap djip yn de twadde helte dy't de keeper knap ut'e goal tikte. Doe spiele ik as sintrale middenfjilder. De leste 10 minuten fan de wedstriid kaam ik noch amper foarút. Die allinnich it needsakelike, mar we koenen gelokkich de foarsprong fêsthâlde en dermei in 'clean sheet'.
Nei de wedstriid kaam ik yn kontakt mei in sjoernalist fan de lokale krante. Hy komplimintearre my mei in goeie wedstriid en ik moast myn namme efkes trochjaan. No ja, dit wie fansels noch in hiele toer. Se brekke harren mûle hast mei it útsprekken mei myn namme. Mar goed, hy skreaun in stikje foar in lokale krante, The Southland Times en dit is wat der hjoed, moandei 31 maart, yn dizze krante stoen oer ús wedstriid.

“Early strikes from Dirk-Yde Sjaarda and Frank O’Boyle ensured Old Boys took out the win against host team Waihopai in the opening encounter of Southland Football’s pre-season soccer tourney at Surrey Park on Saturday.
Old Boys was the only team to gain maximum points as arch rivals Queens Park and Southend United had to settle for a 1-1 draw in their clash at Turnbull Thomson Park.
Old Boy’s Sjaarda was the standout player of the afternoon as he showed touches of exceptional ball control and assertiveness to help his Old Boys unit to its 2-nil win.
His goal, a perfectly timed side-foot volley, would have graced any more illustrious venue than Surrey Park.
Unfortunately he will soon be lost to local football as the Dutch born visitor ends his New Zealand experience to return home via a stop off at Beijing to support the Netherlands Olympic team.”

Derneist stoen dit stik ek op ynternet. Tsja, ik mei seker net klaaie mei sokke positive kritiken. Dochs leuk fansels!

Sneontejûn bin ik noch op stap west yn Invercargill, tegearre mei Bart en Daan, plus noch wat oare Nederlanders hjir út de omjouwing. Doe we om in oer as 4 wer thús wiene mocht Daan drekt wer op de quad springe, hy moast namelyk melke. Bart en ik koene gelokkich ús rest sykje op bêd.

De folgende moarn wie it dochs wat lestich opstean, mei al dy seare spieren wêr ik it bestean net fan ôfwist. Dyselde spieren protestearje noch steeds wol wat, mar it giet hieltiten better.
Hjoed soe ik dan ek rjochting Dunedin om de Kanadeeske jongen fan it fleanfjild of te heljen. Dyselde jongen hat ek mei west gedurende myn trip yn myn earste wiken fan myn ferbliuw yn Nij-Seelan. Mar omdat myn auto it bejûn hat wurdt dat no earnstich bemoeilikt. Ik ha him hjoed nei de garage brocht en ha krekt in tillefoantsje han mei de meidieling dat myn auto hast tenein is. De makker hat him wol wer oan de praat krigen, mar liuwt net dat er it noch lang dwaan sil. Ja, dat is gjin goed nijs. Hoe it komt wit ik op it stuit noch net, mar ik tink altyd mar sa; it komt altiten wol goed. En dat is it oant safier ek altiten kaam.

Myn sus Karin hie it yn har kommentaar by it foarige berjocht al oanjûn, mar yn july komme se (myn sussen Karin en Wilma) my opsykjen yn Australië. Fanôf 20 july sille we sa’n 15 dagen mei elkoar reizgje. Derneist geane we dan warskynlik ek de Australyske Alpen yn om yn july (!) te gean skieën. Op 4 augustus eindicht myn OZ-trip wêr’t hy begûn is, yn Sydney.
Fansels meie jim op harren oanbod yngean om hun de kado’s fan jim meinimme te litten!! De 17e fan july wurd ik alwer in heale Abraham, dus………..!! :)

Dit wie it wer foarearst. Folgende wike mear nijs fanút NS. Tige tank foar al jim reakties en wize lessen Sjineesk. Want ja, Sjineesk is noait wei….



Groetnis DYS

  • 13 April 2008 - 11:53

    Anke:

    Durrrk! Hoe kin't datst noch gjin inkele reaktie op dit prachtige ferhaal hast!? haha. Wy binne momentiel wer hearlik yn Fryslàn.. Moat sizze dat't behoorlik apart is om hjir wer te wèzen.. Krekt of bin'k net fuort west. Woansdei te jùn nei een lange flucht oankaam yn Amsterdam. Mocht't net sa wèze dat ùs bagage noch yn Heathrow lei...? Flink balen dus. Ynmiddels is de bagage wer goed oankaam gelokkich. HongKong wie noch geweldig! We binne flink oan't shoppen west! Geweldig sis! Trije machtige dagen hàn!
    Bin hiel benijt hoe dyn reis dr fjirder ùt sjen sil.. Hàld dy goed yn'e gaten natuurlik!
    Wol dy ek bedanke foar de geweldige moannen dy't we mei ùs trijen hàn ha! Sil ik noait wer ferjitte! As't ( oait! ) wer thùs bist, dogge we gesellich efkes een bakje! Soad plesier noch! Leafs fan Anke

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 469
Totaal aantal bezoekers 130145

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: