Message 19: Niets is zo veranderlijk als... - Reisverslag uit Invercargill, Nieuw Zeeland van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 19: Niets is zo veranderlijk als... - Reisverslag uit Invercargill, Nieuw Zeeland van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 19: Niets is zo veranderlijk als...

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

20 Maart 2008 | Nieuw Zeeland, Invercargill

Om mar net drekt mei de doar yn hús te fallen, ik bin de ôfrûne wiken aardich ûnder de pannen west, of moat ik sizze: ûnder de kij. Sneonsk sprong ik noch fan 134 meter nei beneden, sneins wie ik al te plak op de buorkerij fan Bruce Trotter yn Woodlands, flakby Invercargill. Hoe dy wiken ferrûn binne kinne jim hjir no lêze. Dernei is it foar grut nijs dat ik jim bringen gean. Set jim skrap, want at ik sis grut nijs, dan bedoel ik ek echt grut nijs!

Earst oer myn boerelibben. Om earst de situaasje te sketsen wêryn ik my op it stuit befyn, ik wurkje meastentiids op in buorkerij mei mear as 500 kij. Yn it wykein wurkje ik faaks op de oare buorkerij fan myn baas mei hast 800 stiks. Myn wurk bestiet hoofdzakelijk út melken. Dat betsjut dat myn wekker moarns om 04.15 oere ôfgiet, ik in heal oerke letter op myn quad rjochting de melkerij gean, kij ophelje en melke mar... Middeis ha ik itselde ritueel. Tusken de twa melksessies bin ik faaks dwaande mei algemiene wurksemheden, lykas fencing (steksette) en skjinmeitsje fan alderhande dingen. Jûns bin ik dan faaks om in oer as 18.30 wer thús. Thús? Hear ik jim sizzen. Ja, ik wenje yn in hús spesjaal foar arbeiders. Dit hús diel ik tegearre mei in Filipijnse keardel, neamd Vox. Hy is 36 jier en wurket hjir twa jier lang om jild te fertsjinjen foar syn gesin. Hy hat frou en 3 bern efter him litten. Djip respekt derfoar.
It feit dat ik sa betiid fan bêd of gean betekent ek dat myn eagen tsjin 9 oere jûns al ticht begjinne te fallen. Wat ek wol wer efkes wennen wie is dat ik sûnt lange tiid werris televyzje sjoch. Sa sjoch ik eltse nei de Australische fersy fan ‘So you think you can dance’, sit ik wer hielendal yn ‘Lost’ en ha ik mar muoite om ‘Prison Break’ net te sjen. Dit wol ik bewarje foar at ik wer thús bin.

Ek ha ik noch twa kear visite han. Earst wie it Rosanne dy't mei har mem lanskaam op in sneon. Ik kin har fan myn tiid yn Melbourne. Ek sy siet yn it Robin-Haase-supportersclan.
Derneist kamen myn reisgenoaten fan OZ, Doutsen en Anke my ek noch efkes opsykjen. Hartstikke leuk!

Dan ek noch efkes oer myn fuotbaltrainingen. Ha no ynmiddels trije trainingen efter de rêch. Ik moat sizze dat myn lichem der wol wer efkes oan wenne moast. Koe de earste pear dagen nei de earste training hast net normaal rinne, sa’n spierpine! We ha dan ek soad draafwurk te dwaan omdat se hjirre yn de tariedingsperiode sitte fan it seizoen. Mar it befalt my wol tige goed, geweldich om wer mei in fuotbal dwaande te wezen. Folgende wike snein is der in twa oefenwedstriden fan twa kear in heal oere. Sa at it no liket bin ik hjir dan noch en dan kin dat ek moai efkes meipakke.

Dan no de doar en it hús, oftewol tiid foar it grutte nijs. Foar sommigen is it miskien gjin ferrassing, mar myn ferbliuw yn it bûtenlân wurdt ferlingt. Oars sein; ik bliuw langer fan hús. Myn weromflucht stoen op 9 juny, it stiet no op 3 septimber, 2008 wolteferstean. Dit hat soad, sa net alles, te meitsjen mei de folgende twa wurden: Olympyske Spelen. Jawol, jim lêze it goed. Ik gean nei Peking om der it grutste sportevenement op’e wrâld by te wenjen!

Hoe dit sa tot stân kaam is? Ik bin lekker makke troch myn reisgenoaten. It begûn in lytse twa moanne lyn yn Melbourne. Der learde ik trije Nederlânske jonges kinnen dy’t plannen hiene om rjochting Peking te gean. It like my ek wol wat, mar echt konkreet waard it net. Mar it bleaun hieltiten yn myn efterholle spyljen. Ditselde jilde foar myn Amsterdamse freonen. In pear wiken lyn ha we mei ús trijen de knoop trochhakt. We geane! We binne ynmiddels no al mei in groepke fan sa’n 8 minsken en sa at jim begripe sille, ik ha der tige soad sin oan! We ha ek al akkomodaasje fûn en binne drok dwaande mei kaarten foar de ferskeidene eveneminten.

Dit sil myn toetje wurde fan myn reis, myn leste haadstik. Dit betekent echter wol dat:
- ik jim langer misse moat, bepaalde minsken yn it bysûnder..
- ik de EK-winst fan it Nederlânsk alvetal net mei jim fiere kin.
- ik it hichtepunt fan it jier oan my foarby gean litte moat; de Eastereinder Doarpsfeesten. (miskien wol goed, in jierke ‘rest’ nei ferline jier....)
- myn keatsseizoen foar it earst yn hast 20 jier (bin ik al sa âld?) folslein yn it wetter falt en dermei in mogelike PC.
- ik dit jier gjin tribunewachter wêze sil fan de leukste tribune fan de Freule.
- ik myn jierdei foar it earst net yn Nederlân fiere sil. Fansels meie jim my wol kado’s tastjoere.... 17 july is de datum. ;)
- it jild fan myn pokerfreonen langer feilich is.

Der tsjinoer stiet dat ik der mooglik by bin wannear de mannen ús Foppe skiednis skriuwt troch de gouden plak binnen te heljen. Dat ik sjoch dat Pieter van den Hoogenband in libbende leginde wurdt troch trije kear efterelkoar goud te winnen op it keningsnûmer, de 100 meter. Dan ferjit ik noch it baanwielrennen, wêr’t ús troef Theo Bos stunte sil. Sa binne der noch wol wat om op te neamen. Koartom, folop aksje. Om oer it Holland Heineken Huis noch mar te zwijgen....

Alwer in oanpassing oan myn planning dus. It hâld mar net op. Derom: niets is zo veranderlijk als...een planning.


Groetnis DYS

P.S. Dan mar de beker, in priis is in priis!

  • 20 Maart 2008 - 08:22

    Janny:

    Ok dan!!! At je toch yn'e buurt binne, dan mat je d'r natuurlijk ek fan geniete :-) De rest wast hjirre misse silst, komt ek folgend jier wol wer werom...Time flies when you're having fun :-) Werkse en genietse dere! tut Janny

  • 20 Maart 2008 - 09:25

    Coby:

    Hee D-Y

    Nou wat wer een plannen!
    Wol machtig trouwens..
    De eastereiner feesten is ek al oplost, ik bin der dit jier helemaal bij ;)
    He sukses dero..

    Groetnis Coby

  • 20 Maart 2008 - 18:55

    Hendrik De Jong:

    hej baarda,
    goed dast wer yn training bist, kist yn september mooi wer oanslute bij us. mar do verjist ek nog in oar leuk feesje op 2e peaske dei yn nijlan!!! nou, toy toy toy. gr hendrik

  • 21 Maart 2008 - 09:48

    Anke:

    He goeie!
    Sjochst der mar ruch ut!
    Male aktie Sjaarda!
    En sa't Janny al seit....alle dingen dy'st neamst kin takom jier wol wer! En ast toch wer thus bist yn septimber, kinst gelyk wer trainingen fersoarchje oan it damesteam! Werk ze, genietse! Groeten Anke

  • 21 Maart 2008 - 11:40

    Marike:

    Hey, dat klinkt echt geweldich!! Ik bin jaloers, pfff, wie ik mar in jier earder gean, mar ja.
    Have fun en nog mar efkes flink werke, centjes binne wol handig tink!

    Marike ut Balk

  • 21 Maart 2008 - 12:14

    Tsjerkje:

    What's the crack?
    Wauw, wat een kans he! Dit kist no mei meitsje, of net dan? Nederlan blieuwd der wol :)
    Geniet der fan!

    Tsjerk

  • 21 Maart 2008 - 19:10

    Simone:

    Aloha,
    Grut gelyk, moast it no mei meitsje.
    Have fun!

  • 22 Maart 2008 - 14:37

    Karin:

    Hé roege broer,

    litst dyn burd stean of sa?
    At dy der mar wer ôf is foardat wy komme. Dat tútet wol sa noflik.
    Wilma en ik hawwe de stoute skuon oanlutsen en sykje D-Y op.
    Dus jimme meie de kado's foar syn jierdei ek by ús bringe, dan leverje wy se de 20e persoanlik ôf.

    Hé D-Y, werkse en tot gau.

    Karin

  • 23 Maart 2008 - 13:15

    Jan:

    Der wie der dan wer, de nye update. It hat in skoft duorre mar dat hat syn redenen fansels. Jim kin yn dit stik ferassende dingen leze. En as ik sees ferassend dan bedoel ik ek ferassend!!

    Om te begjinnen by it einde (de update is dis kear yn a-gronologische folgorde, mar dan wer krekt oars om).
    Moarn stiet der hjir in grut spektakel te wachtsjen. It wurd de earste aaipop yn de nye foarm. De organisaasje hat der alles oan dien om peaske is wat earder yn it jier te kryen en dat is harren aardig slagge(is myn subjectieve miening). Hjirtroch binne der ferskate mogelijkheden bykommen foar in oantal aktiviteiten op it festival terein. Sa kinne je moarn snieballen gooie tsjin de kop fan Piter Wilkens, as je boppe de 100 km rjocht yn syn mûle gooie en it wis is dat der nooit wer in toan ut syn brieke stroat komt, dan kin je in mooi bûsgrûntsje winne mei wol 15 knopen!

    In oare aktiviteit dy't je dwan kinne is iispegels goaie tegearre mei Wout Zylstra. Hjir is it de bedoeling dat je mei in blyndoek oer de earen sa precies mogelijk yn de rjochting fan it midden oosten gooie (der is it namelijk wol lekker warm) as de iispegel (ungefear like grut as gemiddeld túnhek) dan foar dat der delkomt smolten is dan hast de haadpriis. En dat is hear ik dy no tinken? No dan mei je 400 rotte eien fanof in ofstand fan 75 centimeter, tsjin in naakte Gryt Wiersma oan gooie. Liket my trouwens neat oan, mar dat efen ter side.

    De tredde aktiviteit wer ik oer skriuw is tevens de leste. Op it achterste fjild fan it Nylan comlex sil dit plak fyne. De dielnimmers krye der in pikhouweel en moatte as in gek in wek hakke yn it 25 cm dikke iis. Mut ferfolgens yn datselde wek springe mei de pikhouweel 50 meter under wetter swimme, der wer in gat yn it iis timmerje en dan sa gau mooglik nei de bar drafe en roppe: "Wie wol der wat drinke?"

    Der steane nog folle mear spannende dingen op it programma mar der sil ik no mar net oer skriuwe.

    Nei Aaipop sil ik wer in nye update stjoere.
    Dit wie it foar hjoed.
    En ferjit net: de dei dat peaske en pinkster op deselde dei falle komt steeds tichter by dan je tinke!

    Vette dikke tútten en persoanlik fyn ik it wol spitich dat wy us hereniging nog even utstelle moatte. Mar as ik my yn dy ferplaats dan snap ik it ek wol wer net helemaal!!

    Shang haai

  • 25 Maart 2008 - 12:20

    Hinke:

    Hoi Buur,
    Top hear, allegearre nijs. Ik hoopje datsto earst mei Wilma en Karin in TOP-tiid haste en dernei by de OS.
    Foar dy in pear chinese wurden: tot ziens = tai sjen (ik skriuw it sa as it sein wurd haha). Bedankt = ksie se nie. Sa kinsto efkes foarut der yn China. As der my mear chinese wurden yn't sin sjitte dan hearsto dat fan my.
    Groetnis en in dikke knuffel fan my.
    Genietsje der lekker fan...
    Wy nimme op de feesten allegearre wol in ekstra pilske, dan bliuwt de bierferkeap op pijl (haha)

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 334
Totaal aantal bezoekers 130106

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: