Message 23: The road to Beijing! - Reisverslag uit Three Springs, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 23: The road to Beijing! - Reisverslag uit Three Springs, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 23: The road to Beijing!

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

13 Juli 2008 | Australië, Three Springs

__________________________________

Peking-countdown: Noch 26 dagen!!
__________________________________


Ik soe eins allang thús wêze, 9 juni lêstlyn om presys te wêzen. Ik soe dan juns yn Cafe Bergsma de efterof spectaculaire wedstriid Nederlan-Itaalje sjen. Ik soe dan oanwesich wêze op ien fan de hichtepunten fan it jier, de Eastereinder doarpsfeesten. Ik soe noch wat fan myn keatsseizoen meitsje kinne en wellicht dielnimme kinne oan de PC yn Frentsjer. Ik soe jim dan allegearre wat minder lang misse te hoechen en myn jierdei 'gewoan' yn Fryslan fiere kinnen. Inderdaad, ik soe... It kaam allegearre oars. Reden; de Olympyske Spelen yn it Sjineeske Beijing. Hjir it ferhaal.

At ik hielendal weromleid wer it allegearre begun is, dan is dat de dei dat ik de ras-Amsterdammers en tevens fervent Ajaxieden Milco Pot en Lesley van Bennekom foar it earst ontmoete. Dat wie op ien fan de earste dagen fan jannewaris. Ik hie krekt mei Doutsen en Anke it nijjier fiert yn Sydney en kamen op oanrieden fan twa froulju, dy't we noch koene fan us Fraser Island tripke fan in pear wiken earder, nei in hynsterace-dei yn Sydney. Alles wie regele, allinich hie ik op ien of oare reden myn beurs net mei weryn myn ID-kaart sich befun. Sa waard my uteindelyk de tagong untsein en wiene Doutsen en Anke al binnen de hikken. Balend stoen ik der op strjitte doe't ik de efterkaam dat ik net de ienige wie dit mei dit probleem kampte. It wiene Milco en Lesley dy't precies itselde hiene en de security ek gjin ienige foarm fan identificatie toane koene. Tsjah, dan is it kontakt snel makke. Nei sa'n twa oeren stoenen we dochs noch mei us trijen op it terrein. Ik hie myn ID-kaart ut us buske helle wernei ik Amsterdam nei harren hostel riden ha om harren fereiste paspoorten op te pikken. Op dat stuit wie Peking noch hiel fier fuort, hiene we alle trije der noch gjin wurd oer smoarch makke, lit stean der oer neitocht.

Mar goed, jo halde wat kontakt en sa seach ik se sa'n twa wiken letter wer yn Melbourne, wer op dat stuit de Australian Open dwaande wie. Doutsen en Anke wiene op in tripke yn de Outback (binnenlan) fan Australie. Sa siet ik in wike mei Amsterdam fan under oare Robin (Haase) te genietsjen. By syn earste partij tsjin Ljubicic (dy't der uteindelyk dus wun) kamen we Brabander Guus Daanen (Uden) tsjin. Milco en Lesley koene him noch fan harren tiid yn Sydney. Op dat stuit wiene we mei in hiele oranje utgedoste supportersgroep Melbourne oan it feroverjen en kamen we fia Guus in oanrekking mei it IJmuiden fan Michel Blok en Roan van der Werff.

De kear dat it wurd Peking my foar it earst ter eare kaam wie in wike letter, op it Dance-feest 'Kiss my Grass' yn hartje Melbourne. It die blyken dat Guus, Michel en Roan al fage plannen hienen om derhinne te gean. Sy begongen us (Milco. Lesley en ik) te enthousiastmeren mei dit idee. Dit wie al snel klear, want sis no sels, wa wol der net by weze. It gong yn myn holle sitten en koe it de dagen dernei net mear utkrije. Amsterdam kampte mei precies itselde. Ik begong myn mooglikhyden nei te gean en kaam tot de konkluzje dat it op sich wol yn myn planning paste.
Op in gegeven momint hienen we mei elkoar ofpraten om mits febrewarris de knoop troch te hakken. Sa hie eltsenien genoch tiid om foar harren sels ut te meitsjen oft se wol as net meigongen. Dit is uteindelyk bart yn it Christchurch fan Nij-Seelan wer Guus, Milco en Lesley op dat stuit ek wienen. We skriuwe 19 febrewarris; it giet oan. Beijing, here we come!

Doe begong it lange foartrajekt fan regelwurk en planningen. Der moast in visum oanfrege wurde, accomodaasje socht wurde. Derneist moast ik myn fleantickets omsette en noch in extra ticket boeke fan Hong Kong nei Beijing. Ek moast der fansels oanfragen dien wurde ta tagongskaarten foar de ferskeidene sporteveneminten. Op dit stuit ha we al aardich wat kaarten binnen, werunder tagongsbewiizen foar de fuotbalfinale en de finale foar de 100 meter sprint foar froulju, atletiek ha we it dan oer. Foar de rest tinke we der terplekke noch genoch mooglikhyden te hawwen om oan kaarten te kommen. Rjochtpunten binne fansels alle wedstriden fan it fuotbal fan Foppe. Derneist steane swimmen, judo en atletiek heech op it ferlanglistje.

Op 6 augustus, juns om 21.30 kom myn fleantuch oan yn Beijing. Dernei is it saak om sa snel mooglik troch te gean nei it Holland Heineken House wer't kalde pils op my stiet te wachtsjen. Der sil ik dan ek wer herenige wurde mei de oare mannen. Dan giet it spektakel echt los en geane we op jacht nei goud!

Dan is it no tiid om de oare Peking-gangers oan jim te introduceren. Dit is it geselskip wermei ik Peking unfeilich meitsje sil. Efkes foarstelle:

- Lesley en Milco
Dizze twa Amsterdamse knapen kaam ik dus foar it earst tsjin op dy merkwaardige dei mei de hynsteraces yn Sydney. Sa'n twa wiken letter yn Melbourne binne we noch mei us trijen oan it keatsen west, sa stoen der dus op in gegeven moment in keatsende Amsterdammer op de offisjele KNKB-side. Mits febrewaris ha we elkoar wer sjoen yn Nij-Seelan wer't we dus uteindelyk de knoop definitief trochhakt hawwe. Lykas my Voetbalfanaten en supporters fan Ajax. Lesley hat sels noch yn de jeugdoplieding fan Ajax sitten en siet sa yn itselde team mei under oare Johny Heitinga en de broer fan Wesley Sneijder.

- Guus
Mei syn typische Brabantse accent soarget hy foar in soad humor yn de groep. Wennet yn Uden en hat sa noch in pear wedstriden yn UDI '19 1 spiele. PSV- en Oranjegek en tafeltenniskening fan us hus hjir yn Three Springs: Dingle Dell. Hy is sels sa gek fan it Nederlansk alvetal dat hy in pear wiken lyn fanut Bangkok nei Zwitserlan flein is foar it EK. Dan binne je wol in echten ien.

- Michel en Roan
Nuchtere keardels ut IJmuiden. Beide ha in grutte tattoo sette litten yn Nij Seelan dy't harren hiele rjochter underfoet bedekt. Echt hiele grutte sportfanaten binne it net, mar werhald se der net fan om dit barren mei te belibjen.

- Walter
In pear wiken lyn ha ik mei him kennismakke, tidens us wykeintsje yn Perth. Kaam op it idee om nei Peking te gean neidat er Guus tsjinkaam yn it noarden fan Australie.

- Mark
Hy is 'buddies' mei Guus en is no noch yn Nederlan. Hy komt fanut der begjin augustus rjochting Azie. Ik kin him fjirders dus noch net, mar dat komt fest goed.

- Peter
Him kin ik ek noch net. Dochs ha ik in soarte konneksje mei him troch dat hy in omke fan my kin...

Oant 26 augustus bliuwe we yn Peking. Dernei geane we mei de trein fia Shanghai werom nei Hong Kong. Op 3 september stap ik dan yn it fleantuch om werom te gean nei Nederlan.
Sa fier wol ik no noch net foarut tinke. Moarn noch ien dei wurkje en dan tiisdei op nei Perth. Tongersdei op myn jierdei (!) flean ik dan nei Adelaide wer ik snein herenige wurde sil mei Karin en Wilma. It sil dudlik weze dat ik der hiel erg nei utsjoch.

Dat wie it wer foar dizze kear. Wederom tige tank foar alle reaksjes. It docht my eltse kear wer goed fan jim te hjearen.


Groetnis DYS


P.S. It feit dat ik tiisdei de unbewenne wrald ynruilje foar de bewenne soarget derfoar dat myn tillefoannummer ek wer aktief is: 0061 4 2440 3861.

  • 13 Juli 2008 - 09:37

    Coby:

    Hee DY

    Nog een pear geselliche wieken der yn Ausie en yn Peking..

    Groetnis Coby

  • 13 Juli 2008 - 15:47

    Hinke:

    He Duckie,
    It giet allegearre mar machtig moai net. Ik tink datsto der yn Peking it echt skitterend ha silste. Mar earst dyn twa suskes op besite. Ik sil oan jimme tinke. En ik ha al tsjin Karin sein wat jimme der besjen moatte, jawol moatte haha. Genietsje mar lekker. Wy ha moaie feesten han, allinne ha ik net in bierke foar dy opdronken. Ik ha twa dagen feest fierd op wetter. Ek wol leuk, mar de party is oars.
    Dikke knuffel fan bufke Hinke

  • 13 Juli 2008 - 16:01

    Doutsen:

    Heee durk!
    Wow, wat hest do ek in hearlik libbentsje. Bin suver jaloers. En wat fleant de tiid om hin?! Ik wit noch hiel goed dat dyn sussen de plannen makken om miskien nei OZ te kommen en no is it hast al safier. It sil fest super weze om hun wer te sjen :D. En do sist dan ek werris efkes reizigje..hearlik!!! Lekker yn de kamper run ride. Sille jimme fanof Adelaide underlans nei Sydney?
    En hoe is it waar der op it momint? Oan de foto's te sjen is it der winters in hiele oare temperatuur as dat wy dat kinne hjir.
    Geniet der noch mar efkes fan want foar datst it wist bist alwer thus. Noch wol in ferhaaltsje hin? foardatst nei de spelen giest :D

    Leafs douts

  • 14 Juli 2008 - 18:21

    Jesper:

    Hoi Omke,
    Ik moet zo naar bed en heb net de foto's gezien. Die op de koe vind ik het mooist.Daar kan ik jou ook goed op zien. Ik moet steeds jou aanwijzen op de foto's en dat kan ik al goed en jou naam kan ik ook al bijna zeggen maar dat heb je misschien door de telefoon al gehoord.Beppe vindt de baard maar niks ze zegt dat je naar de kapper moet voor dat Wilma en mem bij je zijn.Als jij jarig bent krijgen wij lekker en taartje en jij niet. Ik ga nu slapen hoor hoi tot de volgende keer.
    Tut van mij.

  • 15 Juli 2008 - 07:54

    Gerard:

    Jo baar de baar!!Zet em op!!!XXXXX

  • 15 Juli 2008 - 16:27

    Sjoerd:

    'Trefferlik' ferhaal Baarda!

  • 16 Juli 2008 - 17:10

    Idsert En Wessel:

    Hoi Dirk Yde,

    Fan herte mei dyn jierdei!!
    Wy binne ek al in hjeal jier oan it runreizigjen. As it goed is dan komme wy 1 septimber wer thus. Hast tagelyk mei dy. Mar earst noch mar in moaie OS meimeitsje. In protte plesier!

    Gr. Idsert en Wessel

  • 17 Juli 2008 - 17:41

    Marten En Rixt:

    Hey Dirk Yde,
    Lokwinske mei dyn jierdei!!
    Folle wille noch!!

    Groeten Marten en Rixt

  • 17 Juli 2008 - 18:19

    Hessel:

    Sjaarda van harte mei disse dei! Gezellige wiken mei dyn zusters en ansen op de OS. Oant septimber! Hessel

  • 17 Juli 2008 - 19:17

    Karin:

    Hé broerke,

    no it gebakje wie lekker.
    Is de by dy noch slagge; koarting op dyn reiske en de polonaise yn it fleantúch?

    Sis, oant snein te moarn 6.30 oere. Dan prate we by.

    Tút Karin

  • 17 Juli 2008 - 19:56

    Wilma:

    He broer!

    Ik mei dy no net mear broerke nimme... 25 jier al! Nuver idee dat ik dy snein wer sjoch mar ha der in soad sin yn. We meitsje d'r in pear moaie wiken fan. Dyn skibroek en sokken sitte yn de koffer en kadootsjes foar dyn jierdei!

    Oant snein.

    Wilma

  • 18 Juli 2008 - 12:46

    Helga:

    Hoi Dirk-Yde

    Ik woe dy hiele geselliche dagen tawinskje mei Karin en Wilma.Meitje der wat leuks fan. gr Helga

  • 20 Juli 2008 - 15:14

    Amarins:

    Wat hast der wer in mooi ferhaal fan makke!!! In soart plesier noch! groetnis amarins

  • 20 Juli 2008 - 18:09

    Haitsma JK:

    Sjaarda nog fan harte mei dyn jierdei!!! We matte straks mar es efkes prate oar folgende jier mei et keatsen.

    Erik do en ik mooi partoerke haha!

    Nog folle plesiere de leste wiken!

    Later mate

  • 21 Juli 2008 - 08:07

    Lesley:

    Dirk,

    wat een fantastisch verhaal.... (denk ik)
    De foto's leggen mij een beetje uit waar het over ging. Vet!!
    Wij zijn nu in Bangkok en vliegen zo richting Laos waar we met zn 5en de Gibbon Experience gaan doen.
    Daarna terug naar Bangkok kijken voor een mooi outfit!

    We zien elkaar de 6e van augustus. Heb er zin in!!!!

    Hup Holland Hup!!!

    Groeten,
    Guus, Michel, Roan, Mil en Lesley

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 467
Totaal aantal bezoekers 130123

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: