Message 12: Farewell Sydney! - Reisverslag uit Adelaide, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 12: Farewell Sydney! - Reisverslag uit Adelaide, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 12: Farewell Sydney!

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

13 Januari 2008 | Australië, Adelaide

Noch gjin twa wiken lyn begûn ik mei trotse wurden oer Feyenoord. Nei dit epistel pakte myn klup noch mar 1 punt út twa wedstriden. Resultaat; gjin koprinner mear. Ik sit der dan ek hurd oer nei te tinken om earst mar gjin wurden smoarch te meitsjen oer de grutste klup fan Nederlân. Foarútsjen, liket it devys. Foar my én foar Feyenoord. Sydney leit efter my, mar der lizze noch hiel soad saken yn it foarútsicht.

Op it tiidstip fan skriuwen befyn ik my yn Adelaide, lizzend oan de kust yn South Australia. Hoe’t we hjir kaam binne en wat we yn de tuskentiid sa al dien hawwe, dat binne fragen wêr’t ik probearje sil in antwurd op te jaan.

Sydney, oardel wike lyn (freed). De dei dat de dames nei de Blue Mountains west binne ha ik in dei trochbrocht yn Collaroy, in suburb (bûtenstêd) fan Sydney. It Sydney Beachouse (ja, écht mei ien –h-) wie it dekor fan in gesellige dei mei Marjolein, Marije en Harmen (Harry), minsken fan myn intro-groep. Al kletsend ha we de dei trochbrocht en ha we de dei ôfslúten mei in barbecue lâns it strân.
Sneons wie it tiid foar wat nijs, in evenemint wêr’t Ozzies gek op binne; horseracing, yn Randwick (ek wer sa’n suburb) wolteferstean. De reden werom de minsken hjir der sa fan hâlde is de folgende: gokken! Fansels mocht dat ek by ús besite net ûntbrekke, mar foarôfgeand hie ik noch te meitsjen mei wat troubles. Ik koe net oantoane dat ik daadwerkelik Dirk-Yde wie, koartom, ik hie gjin ID mei, dat lei noch yn ús buske. Gefolch wie dat my de tagong ûntsein waard. Probleem wie echter dat ús bus ergens yn it sintrum fan Sydney parkeart stûn (we wienen mei de iepenbier ferfier). Mar it tafal woe dat ik net de ienige wie dy’t mei dit probleem kampte. Neist my wienen der ek noch twa rasechte Amsterdammers, ek sûnder ID. Dus wy mei ús trijen de stêd wer yn, ús buske opsykje, nei harren hostel ride en wer werom nei Randwick. Dit slagge ús yn in goed oere en sa koene we sadwaande noch genietsje fan it racen. Erch leuk om mei te meitsjen!

De snein en moandei brochten we ek noch troch yn it sintrum fan Sydney. Tiisdei bin ik noch nei it Powerhouse Museum west yn Sydney. Der wie in tentoanstelling oer it libben fan Prinses Diana, mei ien wurd; yndrukwekkend. Dernei ha’k de froulju opsocht dy’t op Bondi Beach bivakkearden. Dat wie ek it plak wêr’t ik hurdrintraining wer in folgende ympuls joen ha. Ja, ek dat giet gewoan troch....
Deis dernei ha we koers setten nei Canberra. Jawol, de haadstêd fan Australië. Nei ien dei hienen we it der wol besjoen (ha noch wol it parlemintsgebou en it Australian War Memorial besjoen) en binne we trochriden nei Adelaide. Der binne we ôfrûne freed oankaam en der binne we no dus noch.

Kommende wike skiede ús wegen foar seis dagen. Doutsen en Anke gean yn dizze dagen in trip dwaan nei it Red Centre fan Australië, oftewol Ayers Rock. Of om oer te gean yn de benamming fan Aboriginals; Uluru. Om’t ik dizze trip letter yn myn reis plant ha gean ik net mei, mar gean ik alfêst troch nei Melbourne wêr’t de Australian Open op it punt fan begjinnen stiet. Ik ha ynmiddels al hiel wat kunde opdien yn Melbourne en sil sadwaande warskynlik tegearre mei dy twa Amsterdammers (en fansels Ajacieden..) op Melbourne park te finen wêze. Ik ha krekt lêzen dat neist Michaëlla Krajicek ek Robin Haase trochdrongen is tot it haadtoernoai. Beide komme se tiisdei yn aksje, dat jout my presys genôch tiid om yn Melbourne te kommen. Ik soe sizze set it Sportjournaal oan kommende tiisdei en wa wit kinne jim my op de tribune spotte! Ik sil gehuld wêze yn it oranje shirt fan it Nederlânsk Alvetal, kin net misse.

Dit wie it wer foarearst. Ik winskje jimme allegearre in goede wike ta, my sil dat sowieso wol lukke sa skat ik yn. Fansels ek wer bedankt foar alle reaksjes. It klinkt miskien as geslijm, mar eltse kear wer is it hartstikke leuk om te lêzen. Foaral mei trochgean!

Oant folgende wike!


Groetnis DYS

  • 13 Januari 2008 - 10:07

    Gerard:

    Yo my friend!!Your doing fine i can see!!Hjir ik alles best. It giet dy goed
    Gr Gerard
    ps:Ek de groeten oan Doutn en freundinne!!

  • 13 Januari 2008 - 17:52

    Mem:

    Wat weer een mooi reisverslag en een prachtige foto's. jullie genieten nog steeds volop en Melbourne moet nog komen dus dat komt vast goed. We zullen voor de TV zitten en uitkijken naar een oranje shirt.
    Groetjes en nog veel plezier.
    tut mem

  • 13 Januari 2008 - 21:26

    Sietske:

    bist net foar ús Fean? Se ha hjoed gelyk spile tsjin Utrecht, dus bale. Mar goed datst de dames rêden hast fan de "grutte kat mei de lange sturt". Prachtige ferhalen skriuwe jim, groetnis fan Sietske ek oant D en A fansels

  • 14 Januari 2008 - 03:09

    Hessel En Js:

    wij ha in mooiere auto. sit no ergens ien de middle of nowhere ien in hotel. sukses mei de frouen en net temoal ien die old camper. kusjes

  • 14 Januari 2008 - 18:58

    Marten:

    At ik die foto's sa besjoch mei dat gokken op hynder races dan hjer ik die haitsma's al flokken, hast do dat ek? Godverrrrrr dat wil ik ook man!!!!!! Het ga je goed Sjakie, fet laters man.

    Groetnis Marten

  • 14 Januari 2008 - 20:24

    Tjitte Bonnema:

    He Sjaarda,

    Dirk Yde Sjaarda de 'kening op sokken' uit de gelijknamige musical van 1997 zit sinds 4 oktober vorig jaar in Australië.

    Dit nijs seach ik op de KNKB-site en ik koe sa troch klikke nei dyn DYS.waar ben jij nu site. Do beleefst hiel wat ha ik al sjoan. Ik fyn it dapper fan dy. Sa'n rot ein fuort fan it moaie fryske lan. Genietsje der mar goed fan. Ik sjoch dy yn maaie wol wer op de fjilden.

    Groetnis Tjitte

  • 14 Januari 2008 - 20:59

    Linda T:

    wat een mooie verhalen weer, en oud en nieuw in sydney is idd uniek..
    nu ik deze verhalen en foto's allemaal weer zie heb ik inmiddels besloten om ook weer terug te gaan naar ozzie en wel in oktober dit jaar, dus jij net weer terug en dan zal ik het avontuur voor de 2e keer gaan opzoeken. have fun in melbourne en ik zal morge ff kijken haha...

  • 15 Januari 2008 - 08:56

    Marja Plantenga:

    Hoi Dirk Yde,

    Wat leuk om te horen dat je in Australie zit, ben je ook van plan om naar Tasmanie af te reizen want daar woont mijn zus nl. en ik zou het leuk vinden dat je haar een bezoekje brengt en dat zou zij ook heel erg leuk vinden volgens mij. Ondanks dat we jou niet kennen.

    Je kunt mij e-mailen op eplantenga@hetnet.nl ik woon in Oude Leije en mijn zoontje van 10 is van plan om een grootse kaatser te worden met als grote voorbeeld Chris Wassenaar.

    Ik zou het leuk vinden om wat van je te horen.

    Met vriendelijke groeten

    Marja Plantenga-Loonstra

  • 15 Januari 2008 - 15:27

    Jan Willem Van Beem:

    He Sjaarda,

    Mooi verslag, succes aldaar.

    Groet,

    Beem


  • 15 Januari 2008 - 22:04

    Hospes:

    Hé 'traveler'

    Moedig jij die krajicek maar aan! Toch mooi, die Nederlandse grens oversteken en dan toch patriotistische gevoelens niet weg kunnen krijgen. Laat toch los man. Zou je voor mij dan eventueel wel, al je daar dan toch bent, de groetjes kunnen overbrengen aan Jelena Jankovic? Bij voorbaat dank..

    Geniet van elk moment daar jongen en ik hoor de verhalen van het zomer wel. Probeer ook even een australisch rugbywedstrijdje mee te pakken. Schijnt echt asociaal hard te zijn! haha.

    Er komt hier trouwens een euh kouwe depressie aan en men heeft het over 3 weken goede vorst. Ik hoop niet dat je een 'elfstedentocht' moet missen. Wie weet moet je je vakantie dan vroegtijdig afbreken... Ach, dan kun je je altijd nog opgeven voor de musical die vast en zeker over 10 jaar wel wordt gehouden.

    Later en groetjes
    Jan Hospes

  • 16 Januari 2008 - 16:32

    Helga:

    Hé broer

    Ik winskje dy folle plesier ta by de Australian open. Ik hoop dast moaie/spannende potsjes tennis sjochst.

    tút Helga

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 287
Totaal aantal bezoekers 130149

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: