Message 11: De start fan 2008! - Reisverslag uit Sydney, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 11: De start fan 2008! - Reisverslag uit Sydney, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 11: De start fan 2008!

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

04 Januari 2008 | Australië, Sydney

No't de stofwolken oplútsen binne út de strjitten fan Sydney en de earste dagen fan 2008 alwer efter ús lizze, wol ik jimme myn ferhaal oer de lêste dei fan 2007 net ûntnimme. “Adembenemend”, dat wie it. Al hienen we ek te meitsjen mei in tsjinfaller. Mar lit ik mar begjinne by it begjin.

De dei fan de 31e fan desimber begûn betiid yn de moarn. Wy hienen ús ten doel stelt om betiid op de dei ús tenten op te slaan om sa it fjoerwurk fanôf in moaie lokaasje te besjen. Nei inkele underfragingen kamen we út by Milsons Point. Flakby de Harbour Brigde mei in prachtig útsicht op The Opera House en de skyline fan Sydney. Wy koenen lokkichgenoch in prachtig plak fine, al wienen we net iens de earsten. Sa wiene der ferskeidene minsken dy't dêr letterlyk harren tenten opslein hiene de nachts fan te foaren. Mei trie en stokken yn de grun hienen se 'harren' territorium ôfsetten foar harren sels en foar harren freonen dy't sa moai letter op de dei oanskowe koene. Iets wat net by eltsenien yn goede ierde foel. Mar goed, wy wienen fan miening dat we in prachtig plak bemachtige hienen. Wy sieten der klear foar, moarns om 10.00 oere.

Ja, wat doche hja dan gedurende sa'n dei? BYO (Bring your own) drank wie strikt ferbean. In bierke wie wol te keap tsjin in bedrach fan $ 6,- (ungefear EUR 3,60), net echt backpackersbudget. Al gau waarden fergeseld troch twa froulju fan ús Fraser Island avontoer en rekken we oan de praat mei in Australysk echtpear dy't ús melde dat we om middernacht fjoerwurk sjen sille dy't noch nea earder fertoant is yn de wrâld. Dit makke ús nijsgierrighyd allinich mar grutter.

Mei it ferstriken fan de oeren waard it hieltiten drokker om ús hinne en waard ús groep hieltiten grutter en begun it hast op in folsleine reunie te lykjen fan us introductiegroep fan alwer trije moanne lyn. Earst wienen it Marjolein en Marije dy't ús opsochten. Dernei wie it de beurt oan Harold, Freek en Harmen. Op it lêst kamen Merel en Debbie ek noch efkes lâns. We makken der in geselliche tiid fan en de oeren fleachen ferby.

Nei alve oeren wachtsjen wie it dan eindelyk safier; de earste sessie fjoerwurk stie op it punt fan begjinnen. 'Om 09.00 oere?', hear ik jim sizzen. Ja, dan fynt de earste sessie plak foar de lytse bêrn foardat om 00.00 oere it echte spektakel losbarst. Precies om dy tiid rûnen we ek tsjin in teloarstelling oan. Oan ús rjochterkant waard ús sicht op it fjoerwurk flink ferpest troch de pilaren fan de Harbour Bridge en oan ús linkerkant waard itselde dien troch in grutte beam. Gelyk waarden we troasten troch it Australysk stel neist ús dy't seinen dat der om 00.00 oere fjoerwurk ôfsketten waard fan de Harbour Brigde en fan de flatgebouwen rjocht tsjinoer ús. Us humeur waard der gelyk better op.

Dan om middernacht precies, it ôftellen begiet: 10, 9, 8.....3, 2, 1. Kaboem! It spektakel barst los en wat hja dan sjoche is mei gjin pen te beskriuwen. De Harbour Bridge yn fjoer en flam, oeral ljocht en knallen. Al it publyk (mear as 1 miljoen minsken) razend enthousiast. It leuke wie ek noch dat it fjoerwurk ôfsketten waard op musyk dy tagelykertiid útstjoert waard op 104.10 FM. Dus stoen ik der mei myn MP3-spiler (mei radiofunksje dus..) yn nei it dizze fjoerwurkshow te sjen fan 12 minuten; minuten dy omfleagen.

En dan is it yniens 2008. In unwerkelyk gefoel moat ik sizze. Om in oerke as 01.30 besykje we de stêd yn te gean. Helaas kamen we gjin kroeg yn omdat ik myn slippers oanhie. Stom! Lokkichgenoch foenen we noch iets op de Darling Harbour op it terras; gefolg wie myn earste Heineken yn it nije jier. Dat we nergens ynkamen wie in lytse anti-climax dus, mar toch kamen we tsjin de klok fan 07.00 oere tefreden werom út Sydney.

Tiisdei waard dan ek in dei fult mei sliep en luierje; dat mocht ek wol efkes. Deis dernei binne we Sydney wer yn west om wat cultuer te snúven en ha we wat musea besocht, werûnder it Australian Museum. Juster ha we in dei Olympysk Park dien. Ha we in rûnlieding troch it Telstra-stadium (it Olympysk stadion fan Sydney) han en binne we binnen west yn it Aquatic Centre wer't yn 2000 ús Pieter (van den Hoogenband) en Inge (de Bruin) grutte olympyske suksessen fierden. Apart om dat te erfaren.
No is it alwer freed en binne de froulju nei de Blue Mountains ta, sûnder my. In natoergebied wêr't ik yn it begjin fan myn trip al west bin. Dus bin ik samar in dei op mysels, alhoewol, net hielendal. Ik sil aanst op besite by Marjolein en Marije. Sa meitsje we der wer in moaie dei fan.

Ik hoopje dat 2008 foar jimme oant no ta goed ferrint. Sa ja, set de goeie lijn dan troch soe ik sizze!! Bedankt foar alle reaksjes en oant de folgende kear!

Groetnis DYS

P.S.
1)Ferline kear slagge it my net om alle foto's online te setten. Dat is no wol slagge dus steane der by it foarige ferhaal noch ekstra foto's.
2)Feyenoord is noch hieltiten nûmer 1!! Yn punten dan....

  • 04 Januari 2008 - 08:43

    Idsert:

    hoi Dirk Yde ik wil graag weten hoeveel
    mensen in dat stadion kunnen die op de foto staat. maar trouwens leuke fotos die je genomen hebt en nu weet ik ook wie goud gewonnen heeft en gefeliesieteert nog met de eerste prijs want je staat dog op de eerste plek op het podium en wel een mooi plekje uit gezogt want je zag mooi vuurwerk in de lugt op de foto en je staat er mooi bij bij het zwemmbad en ik moet zaterdag weer en toernooi voetballen en het gaat heel goet met schaatsen en die laatste fotos die vont ik wel heel belanrijk en nu weet ik ook een beetje hoe het olympischestadion er uit ziet gr idsert

  • 04 Januari 2008 - 08:48

    Wessel:

    hoi Dirk-Ydeik ben nu op de boederij en ik vint de fotos leuk gr wessel

  • 04 Januari 2008 - 08:55

    Jesper:

    hoi Dirk-Yde ik ben nu ook op de boederij en ik oefen flink om Dirk-Yde te zeggen gr jesper

  • 04 Januari 2008 - 09:00

    Wilma:

    He broerke!

    Sa ast wol yn´e gaten hast is it hjir in kinderopvang hjoed, wol erg gesellig!
    De foto´s wiene wer moai, wol jammer dat der net mear fan it fjoerwurk by wiene, der wie ik/wy wol benijd nei. Komme der noch filmkes? Leuk dat jim ek yn it Olympisch Stadion west binne!

    Gr sus

  • 04 Januari 2008 - 10:12

    Marten:

    Hey Sjaarda,
    Bedankt foar wer in mooi avontuur. Maybe sit der ooit ek nog wol san gouden tegel foar dy yn (at it keatsen ooit olympysk wurdt?) Kening op de sok bist al nou! Bin blied dat de stikjes wer yn us memme taal binne.
    It aller beste,

    Groetnis, Marten

  • 04 Januari 2008 - 19:04

    Dirk:

    Hey Tjaarda,
    In feyenoorder hald net fan amsterdam, die foto foel mij drekt op.
    Moaie belibbest der, we hawwe al ff oan dei tocht toen wij oan it feesten wiene, mar dat sil der bij dei wol net minder west wese.
    oan't juni, sa at it no ien dien planning stiet.
    Kinst it folgende fuotbalseizoen moai wer ien de 1e klas begjinne under in nije trainer
    In soart wille ta winske.

    ltrs

  • 04 Januari 2008 - 22:12

    Aant:

    Hoi Dirk Yde
    Prachtige reportaazjes makkest do. Mei in soad genoegen lêze wij dat. Wij hawwe it idee, dat dij neat ûntkomt dêr. No't de taal ek wer oanpast is oan myn taal, is it hielendal geweldich.
    Wij sjogge no al wer ut nei dyn folgende stik.
    Hertlike groetnis
    Aant

  • 05 Januari 2008 - 10:40

    Immie:

    Hoi Dirk Yde
    Allerearst fansels de bêste winsken foar it nije jier. Moaie stikjes (yn it frysk gelokkich) skriuwst wer fan dyn avonturen Down Under. Moai dat jimme dat fjoerwurk sa prachtich sjen koene, hjir yn de mist wie neat fan fjoerwurk te sjen. Fannemiddei ha we de snertrin en de nijjiersresepsje. It is moai waar hjir foar de draverij.
    Gr. fan SDS bestjoer en fam. Kamstra

  • 05 Januari 2008 - 11:47

    Hanny:

    Hey Dirk Yde,
    Wat in pracht ferhalen en foto's wer!!! Ha noch in pear dagen fakansje en dus ff lekker de tiid om mij yn dyn avontoeren te ferdjipjen, it liket allegear like machtig!
    Foar 2008 winskje ik dij alle goeds, in soad wille en bysundere minsken en gebeuretenissen op dyn paad!!
    Dikke tut Hanny

  • 11 Januari 2008 - 21:23

    Johan Hylkema:

    He oude maat,

    Ik hoorde laatst van onze andere HAVO klasgenoot Tjerk dat jij bij die kangoeroes bivakeert.
    In 2008 wil ik mijn leven beteren dus dacht ik, laat eens wat van mij laten horen. Ben eigenlijk ook wel weer een beetje jaloers op jou. Niet alleen vanwege het feit dat twee dames, ook nog fries sprekend met jouw willen reizen maar ook dat jij daar lekker warm in dat perfecte land zit. (Ben er zelf ook 9 maandjes geweest) Het is dat ik hier verplichtingen heb maar anders ging ik meteen weer terug.
    Ik weet niet waar je allemaal bent geweest, maar als je in de buurt van Brisbane bent dan moet je als nederlander eigenlijk wel naar Nimbin gaan. Dit is een plaatsje waar je wietlucht van mijlen ver kunt ruiken. Is echt leuk om daar door heen te rijden.
    Nou kerel, ik wens jou en natuurlijk die twee Friezinnen het allerbeste toe. Maak er wat leuks van.

    Groeten,

    Johan

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 304
Totaal aantal bezoekers 130152

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: