Message 21: All good things come to an end
Door: Dirk-Yde
Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde
24 April 2008 | Nieuw Zeeland, Christchurch
At ik sa wer werom tink oan de ôfrûne tiid sûnt myn leste ferhaal dan kin ik net oars konkludearje dat dizze tiid bolstoen fan aktiviteiten. Kayakkenderwiis bin ik yn 'oanfaring' kaam mei heuse dolfijnen yn de Milford Sound. Mei in helikopter de gletsjers fan de westkust fan Nij-Seelan besjoen. Pinguins, Seehûnen en -liuwen yn it wyld spotten. Rafting yn de moaiste rivier fan NS en 'last but not least', skydive boppe it adembenimmende Abel Tasman Park. Oh ja, derneist bin ik ek mar ris by in kapper binnenstapt.
Mar foardat jim it oersicht hielendal kwyt binne sil ik al dizze punten restich bylâns gean, yn gronologyske folchoarder sis ik der drekt by.
Sa'n trije wike lyn, op in woansdei, ha ik myn ynmiddels fertroude Invercargill ferlitten om myn Kanadeeske reisgenoat Tim op te pikken út Dunedin. Fia de Southern Scenic Route binne we de freeds wer werom riden rjochting Invercargill. Op ús wei binne we troch The Catlins National Park riden. Dit beslaat in stikje Nij-Seelan mei in moaie natoer (ûnder oare inkele wetterfallen) en 'wildlife', lykas pinguins, seehûnen en -liuwen. Prachtich om sokke bisten yn it wyld te oanskouwen, yn stee fan yn in bistetún.
Nei wer in nachtsje troch brocht te hawwen yn it hús fan Daan en Bart binne we trochsetten nei Fiordland. Neffens soad minsken, it moaiste wat NS te bieden hat. Bestimming wie Milford Sound. Der ha we de sneins sa'n 5 oeren lang trochbrocht yn in kayak om dizze fjorden te besjen. In absolút unike erfaring, foaral doe't op in bepaald momint sa'n 20 dolfijnen lâns swommen. En dat mar fan sa'n 5 meter ôfstân fan ús kayak!
Jûns binne we drekt trochriden (om dochs de gang der wat yn te hâlden) nei Queenstown. Ûnderweis noch twa Amerikaanske froulju oppikt dy't te liften stoenen. Omdat myn auto goed yn foarm wie ha we dy meinaam nei Queenstown. Nei in pear dagen der trochbrocht te hawwen binne we trochriden nei Wanaka. Dit plakje is fergelykber mei Queenstown, mar is iets minder ûntdekt troch it toerisme en dertroch iets rêstiger. Mar derom net minder oantreklik. Lein oan Lake Wanaka en omjoen mei bergen, makke dit in prachtich plak om in pear dagen troch te bringen. Dat moast ek wol, want myn auto hie it ynmiddels bejoen en stoen by de garage.
Op ien fan dizze dagen kaam Tim op it idee om ús eigen hiketocht te meitsjen, sa at it sa moai klinkt; 'off the beaten track'. Sa stoenen we in 4-tal oeren letter op de top fan in berch ús favorite bierke te drinken. Ik soe sizze; besjoch de foto!
Nei Wanaka en mei ús gerenoveerde auto (dy't we ynmiddels Sweet Caroline neamen, freegje my net werom...) binne we rjochting de westkust riden fia in prachtige dyk dy't ús nei Haast en Franz Josef liede. Franz Josef wie it toaniel fan myn gletsjer-'besyk'. Ik hie in scenic heliflight boekt fan 20 minuten, mar omdat ik de ienichste wie waard ik gratis opwaardeard nei in 30-minuten duorjende flucht. Hjirby ha we beide gletsjers, de Fox Glacier en de Franz Josef Glacier, besjoen. Derneist ha we noch in landing makke op de earstneamende. Ek dit wie in geweldige erfaring. Fanút it dal stoenen we mar nei in pear minuten op de top fan in berch, yn in totaal oare wrâld. It feit allinnich al om yn in helikopter te fleanen wie op sich al prachtich.
Lang tiid om te genietsjen hienen we net, want we ferfolgden ús reis rjochting Murchison. Omdat myn Kanadeeske freon nochal gek fan rivierkayakken is wie dit foar him 'the place to go'. Omdat hy in erfaren kayakker is en ik net, moast ik sitting nimme yn in raft en mocht hy mei in kayak de Buller River bydel. Dizze rivier wurd troch soad minsken beskouwd as ien fan moaiste fan it lân. En dan ha ik it oer de omjouwing wêrtroch dizze wetterstroom rint. En yndie, it wie prachtich. Derby beskouw ik de sprong yn it wetter fan in 10 meter hege klif noch wol as it hichtepunt fan de dei.
Wat noch wol aardich is om te fermelden is dat ik der yn Murchison ek noch in frys tsjin it liif rûn bin. Doe't ik op in bepaald momint troch dit doarpke rûn en in Fryske flagge hingjen seach yn in twaddehans-winkel koe ik myn nijsgjirrigens net betwinge. De eigner blykte oarspronklik út Boalsert te kommen en koe sa moai in praatsje mei him meitsje yn myn eigen taal nei dagenlang allinnich mar Ingels te lullen, uhm...sorry, praten.
Nei dit aventoer setten we troch nei Nelson. It reinde flink wat it sicht fanút 'Sweet Caroline' aardich bemoeilykte. En dan te betinken dat Nelson neamd wurd as de 'sunshine capital of New Zealand'. Mar goed, we foenen in moai, tige gesellich hostel, Palace Backpackers en makken plannen foar de kommende dagen. We hienen net soad dagen mear te gean foardat Tim syn fleantúch pakke moast nei Australia. Ik hie noch hieltiten yn de holle om in skydive te dwaan.
Derom boekte dyselde dei noch in sprong út in fleantúch fanut Motueka, de 'gateway' nei it Abel Tasman National Park. Dizze sprong stoen foar ôfrûne sneon op it programma, om 13.00 oere om presiis wezen. Der moete ik noch in oar Nederlânsk famke, út Grunn (Grins). Nei tal fan tariedingen siet ik nei in skoftke mei 3 oare koppels yn it fleantúch om nei 13.000 feet hichte te gean, sa'n 4 kilometer. Neidat we de fereiste hichte te pakken hienen mocht ik, tegearre mei myn piloat, as tredde myn fuotten bûten board stekke. Nei in 'big smile' nei de fotokamera, dy't monteart is op de fleugel fan it tastel, wie it GEAN!! In frije fal fan 45 sekonden foel my ten diel. Wat wer in kick! Oars as mei de bungyjump, wêr't je it hielendal sels dwaan moatte.
Mar seker net minder moai! Nei dizze frije fal mei sa'n 200 km/h bungelden we noch sa'n 5 minuten yn de loft mei de parasjute (dy't gelokkich iepen gong...) Ien kear wer werom op'e grûn falt it net mei te beseffen wat je krekt meimakke ha. Myn lichem sit fol mei adrenaline.
Mar soad tiid om nei te genietsjen wie der net, want we hienen noch in rintocht plant troch in it Abel Tasman NP. Wat ek prachtich wie, mar dochs oars as in skydive....
Nei dizze dei (ferline wike sneon) wie it in bytsje dien mei de pret. We moasten rjochting Christchurch wer't Tim ôfrûne tiisdei in fleantuch pakt hat. Hjoed ha ik gelokkich noch wol myn auto fan de han dwaan kinnen. Dit foar in astronomisch bedrach fan 100 hiele NS-dollars! Better iets dan neat, litte we mar sizze.
Oer noch mar in lytse 11 oerkes giet myn flucht en is it boek Nij-Seelan (foarearst) ticht. Earst flean ik nei Brisbane, wer't in pear postpakketsjes op my stean te wachtsjen (spannend!). Dernei flean ik drekt troch nei de Whitsunday Coast. Der sil ik folgende wike trije dagen lang op in sylskip trochbringe. Ek wol wer in moai foarutsicht.
Op 11 maaie ha'k dan noch in flucht fan Brisbane nei Perth stean, wer't ik us wolbekende Janna Bergsma op in visite traktearre sil. Ik ha wer genoch yn it foarutsicht dus. Gjin tiid om te treuren, want 'all good things come to an end'.
Oant de folgende kear! Hope things are well overthere......!!!
DYS
P.S. Fanof moarn treedt dan ek wer myn Australyske tillefoannumer yn wurking: +61 4 24403861.
-
24 April 2008 - 10:37
Tsjerkje:
Haaaiii!
Wat er een moai ferhaal en wat een belevenissen sis! Do sist net stil der!
Oer ien wiekje gean ik alwer werom nei NL, mar earst komme Bauk en Dieuwk joen oan om een wiekeinsje jir yn Belfast te spenderen.
Btw, super dast bij Janna langs giest, doch har de groeten, hihi!
Well, see you when I see you.
Take care,
Tsjerk -
24 April 2008 - 15:00
Samme:
Helemaal maf,
Wer een sterk verhaal leuk om te lezen hast ik wer een soad meimakke. Tsjonge, wat is dy omgeving skitterend it lyked wol een sprookje. Nog een soad fijne wieken yn ausie.
greets sam -
24 April 2008 - 16:47
Aant:
Ik freegje mij ôf at er noch avontoerlike dingen binne dyst noch net dien hast. Prachtich hoe asto ús ek wat fan dy wrâld sjen litst.
En Sibe siet foar op de foar, seach ik wol. Wij misten him hjir al.....
Groetnis
Aant -
24 April 2008 - 18:18
Janneke Vd Elshout:
Heey Wat mooi allehjer!
Geweldig! En leuk om efkes wat foto's te besjen. Der bin wol die my bekent foarkomme.. (teade hat der ek west en exact deselde fotos ;) lonely planet meihant?
Mar in goeie reis en succes.
groetsjes Janneke
PS hearde dast us miskien wol wer traine woest : ) Dat fyne we allehjer gesellich. Aju -
24 April 2008 - 18:41
Jan:
Even in koarte reaktje foar de feroaring:
1. Ik kin my net foarstelle dast do alle dingen diest der dochst sa leuk fynst. Lyket my mear deilikse kost (mar ja....miskien dat it foar dy allegear de 1e kear is).
2. Ik leauw dast do hiel goed fotoshoppe kinst, want hjir yn Nederlan doardest net iens fan de heeche dûkplanke of!!
3. Ik ha gjin liuw op in foto sjoen (heechút in Lieuwe). Dit betsjut dat ast de folgjende kear dyn ferhaal skriuwst, wol efen neilêze must wast skreaun hast, sadast dyn foto's der ek nei shoppe kinst!
4. Foar it folgjende stikje wol ik minimaal 8 nammen fan de dolfynen dy't om dy hinne swimme ha. Derby mei de namme Flipper net sitte, want die soe Marije sels al betinke kinne!
5. Skippy is trouwens gjin dolfyn. Sist de namme der wolris heart ha, mar it is of sa'n bist wat heel heech springe kin.....of gewoan in bal. Dus die meist ek net nimme yn it antwurd by punt 4.
Hjir woe ik it earst mar by litte. Ik wol net de kritische jonge uthingje hjer, mar wol wol dast do wist dat ik dyn ferhalen goed trochlês!
It koarte ferhaal is alwer langer dan soe!
Vette dikke tut en hoop gauw wer wat te hearen!!!
Groeten Jan, Lisanne en Marije!!
P.S. Lisanne woe graach witte as dat nye fotoshop programma ek draait op XP???
HAAAIII (sist ek nog wol sjen der) -
24 April 2008 - 18:52
Gerard:
Heej skietsek!!!Hest it mar wer mal jonge,hast myn mail wol kriegen??Ik wacht rustig. Mar sommigen wurde wat unrestig omdat men graach wol pokerje!!Dus bij dezen,kinst mij die mail ek stjoere. Foar de rest,het ga je goed homie!!!Groeten dyn ald baas,Gerhard von sprudelwasser! -
26 April 2008 - 03:15
Hessel:
Hey jong klopt dat nummer fan dy wol?? Want we binne drok bezig dy te beljen mar dat slagget net echt, bist currently unavailable.... Bist no toch al ien Aus?
Groeten fan us,
p.s mooi verhaal sjaarda! -
27 April 2008 - 11:21
Janny:
Klinkt wer helemaal super :-d -
02 Mei 2008 - 12:58
Rixt:
Wat in prachtig ferhaal wer! Wat hast t der moai man! En die foto's ek, geweldig! Bin echt stik jaloers!
Fijne tiid noch!
Groeten Rixt -
02 Mei 2008 - 13:00
Rixt:
En oja trouwens, t is dan al wer efkes lient, mar noch heel erg bedankt foar dyn sms mei myn jierdei! Fun ik echt super!
Hoi -
13 Mei 2008 - 18:03
Marten:
Yo behaarda,
Neffens my gjist do dy dea ferfelen ast ooit wer ris werom komst yn Eaterein. Wildwater rafte yn de skippensbuorren is fest sa spannend fest net, en elastiek springe fan de brege by it cafe draaist dyn han ek net mear foar om.
Belibbest yn elts gefal wer male dingen der en bin heus wol jaloers, sjoch wer ut nei it folgende ferhaal.
It giet dy goed alde,
Groetnis Marten -
05 Juni 2008 - 17:01
Linda Terpstra:
hmmm waar blijven de nieuwe verhalen?????;-)
Reageer op dit reisverslag
Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley