Message 25: It giet oan!! - Reisverslag uit Sydney, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 25: It giet oan!! - Reisverslag uit Sydney, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 25: It giet oan!!

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

05 Augustus 2008 | Australië, Sydney

____________________________________

Peking-countdown: noch (mar) 3 dagen!!
____________________________________

Ik snap it best, de skrik sil der goed ynsitte. Wat in drokte yniens op Dirk-Yde syn side, hear ik jim sizzen. Ik moat ek sizze dat ik jim net ûngelyk jaan kin. Mar mei ik der wol drekt bysizze dat ik, neffens my, in jildige reden ha. Fansels witte jimme wol wer ik it oer ha. Moarn om dizze tiid sit ik yn it fleantuch nei Beijing ta, net te leauwen! It giet sa snel, mar de tiid is kaam. Ik bin derby. It grutste sportevenemint yn’e wrâld, de Olympyske Spelen, en ik bin derby. It giet oan!!

Ik nim hjirby it stokje wer oer fan Karin en Wilma. Ik bin no yn myn alderleste dei yn Australie oanbelâne. De reis dy’t alwer mear as 10 moanne lyn begûn is yn Sydney, rint no hast tsjin syn ein. Althans, foar wat betreft Down Under. Fansels gean ik noch in prachtige 4 wiken tegemoet. Wa’t my ferline jier ferteld hie dat ik nei de Spelen ta gean soe, hie ik foar gek ferklaard. Mar dochs is it moarn safier. Tegearre mei acht oare Hollânske knapen geane we hooplik letterlik en figuerlik gouden tiden tegemoet.
Ús klean binne ynmiddels makke yn Bangkok en oppikt troch myn kollega’s. Ik ha it einresultaat sels noch net sjoen. Mar at ik de ferhalen leauwe mei dan sjocht it der poerbest ut. It pakket bestiet ut in oranje blouse, mei in read-wit-blauwe koarte broek en in gouden stropdas. Derneist binne we (se) mooglikerwiis noch op syk nei in cowboyhoed (typisch Australisch) en in strakke sinnebril. Lykas jimme bin ik tige benijd.

Hoe it programma der foar ús útsjen sil yn Peking sels gedurende de Spelen witte we noch net. Wol is de kans grut dat we kommende tongersdei al op de tribune sitte foar de fuotbalwedstriid fan it Nederlansk alvetal tsjin Nigeria. Ek ha we al in oantal oare kaarten tot us beskikking, wêrûnder de fuotbalfinale, mar we witte noch net precies hoe it der allegearre utkomt te sjen. Mar fansels mei it swimmen fan ús Pieter van den Hoogenband en Marleen Veldhuis net op de agenda ûntbrekke. En wat te tinken fan ús fytskanonnen (Theo) Bos en (Marianne) Vos. Fansels ferjit ik al dy oare gouden plakken (sulver en brons is ek goed..).

Wat ik jim wol graach melde wol is dat ik ynmiddels yn it besit bin fan in Fryske flagge. Mooglikerwiis treffe jimme dizze flagge aanst oan op tillevizje. Graach soe ik sjen wolle dat jimme dan wol efkes weromswaaie. Derneist soe ik dan ek graach op myn side in reaksje ha wolle fan de kearen dat jimme my spotten ha. ‘Hoe ûnderskiede wy dy flagge fan mooglike oare Fryske flaggen’, hear ik jim sizzen. Dat is hiel simpel. Boppe-yn de flagge, op it earste pompeblêd fan rjochts sit fûgelpoep. Dat mei dus gjin probleem wêze!

Juster ha ik trouwens ús Pieter ek untmoeten hjir yn Sydney. Hiel gek om him hjir sa te sjen, mar fansels hoopje ik dat hy lykas my in unferjittelyke tiid tegemoet giet. Ik ha no hast net iens mear it gefoel dat ik op reis bin mei al dy bekende gesichten om my hinne. Nei myn susters Karin en Wilma, wie it dus no de beurt oan Pieter. Mar we ha it tige gesellich han juster en binne justerjûn sels nei Chris Rock west. Chris Rock? Is dat net dy Amerikaanske acteur? Ja, mar derneist is hy ek in stand-up comedian en hy hie hjir dus in optreden yn Sydney. Ik ha my werkelykwier hielendal kapot lake om dy keardel! We hiene mei syn fjouweren beslach lein op de alderlêste 4 kaarten en koene sa fanôf de tredde rij genietsje fan syn grappen en grollen. Al mei al in geweldige jûn.

Dat wie it foar no. Ik wol jim fanut Sydney alfest tige bedanke foar alle reaksjes fan de de ôfrûne 10 moannen en foar dygenen dy’t (hoop ik) noch kommen giet. It is echt hiel erg leuk om dat hjir te lêzen en it docht my tige goed. Fannejûn sil ik noch in oantal foto’s online sette.
Hoe’t de webside der utkomt te sjen gedurende de kommende wiken kin ik net sizze. Wol sil ik probearje om regelmjittich foto’s online te setten, sadat jimme my dochs in bytsje folgje kinne.

It giet jimme goed!


DYS

  • 05 Augustus 2008 - 06:14

    Marike:

    Hey Dirk-Yde,

    Heel veel plezier bij de Spelen!! Super zeg dat je er bij bent!

    Over 4 maanden zal ik down under gaan!

    Geniet er van!!
    Gr ut Balk

  • 05 Augustus 2008 - 10:11

    Jan:

    Ja Baarda wat mut ik hjir no op sizze? Fansels dat ik it machtig fyn dast do nei Peking giest. Fansels dast genietsje moast fan al it mooie wat der op dyn paad komt. Fansels dast in soad bier drinke moast yn it Holland Heineken House. En dan last but not least! Fansels dast it wol út dyn kop helje moast om yn sa'n apepak op tillefysje te kommen, en dan ek nog mei in Fryske flag! Do wolst de trots fan al ús Friezen yn ien klap te grabbel gooie yn Peking. Foar it eag fan miljarden minsken stiet der straks in tot Chinees genaturaliseerde Aboriginal mei in cowboy hoed en in sinnebril, earm yn earm mei prins Willem Bier, al swaaiend mei syn Fryske Flagge wer sels de Australische fûgels skyt oan ha, it Wilhelmus te ferlogenjen. En dan tydens de hockey finale mar swaaie mei dyn flag. Else kear as it rokje fan Fatima Mormel De Melo omheech waait begjinst do hurder te swaaien. Else kear dat Minke (cow)Booy penetreert op it middenfjild begjinst nog hurder te swaaien mei de grutsk fan it hiele Fryske folk.
    En dan nei de finale yn it Holland Heineken Hok de froulju opsykje en hun felicitere mei hun skitterende sulveren plak. En der dan achter komme dat sels Fatima dy wol stean sjoen hat yn it stadion. YES! FATIMA HAT MY STEAN SJOEN! En dan seit dy allerleafste, skattige, krease Fatima:"Durk, voor jou is het tijd voor een bank die het anders doet....het is tijd voor de tweezits bank! Thuis in je apenpak onder een lekkere warme deken met een glaasje warme melk!"

    Ja Durk.....kinst net seze dat ik dy net waskôge ha!

    Nammens alle Friezen: "We hâlde fan dy sa ast bist, mar gedraach dy wol in bytsje!!!"

    TUT Jan

  • 05 Augustus 2008 - 13:00

    Janneke Vd E:

    super!!
    As je haar mar goed sit no juh?!
    Folle plesier der.. Doei groetjes fan Janneke

  • 07 Augustus 2008 - 06:12

    Douts:

    Duuurk!

    Jee, it is safier. Einliks! Do giest nei de spelen!! Ik wit noch goed datst 'besluten' hiest datst nei Peking soest..Haha. Doe wiene de plannen noch mar lyts en unseker. Mar hear no..! Fantastisch!
    Bin trouwens reuze nijskjirrich nei dat pak fan jim :D

    In hiel soad plesier en enjoy! Foarsichtich.

    Leafs douts

  • 07 Augustus 2008 - 15:42

    Watse:

    Hey Sjaarda´s,

    Ha wer efkes bijlezen. Else x at ik op jimme site bin ha ju sa iets fan, shit ik moat d´r ek hinne!!

    Bin tige beneid nei dyn olympischke ervaringen, wat in geweldiche ofslutting fan dyn reis.
    Ik sil de tv beelden ofspeure nei dyn outfit.

    Dan mar efkes in update fan de keatssport yn Fryslan. juster wie de Freule, Easterein wie in outsider en hie de 1e omloop in dreech lot yn Grou. Mar goed keatsen brocht in fertjinne winst oan de tillegraaf fan, ik mien 5-3 foar de grien- wyten ut it lytse plakje. No lei suver de list iepen en soe Eaterein wolris wat fjirder komme kinne. Op´e 2e list moat der foar ofrekken wurde mei Wiedum. Op papier in swakke tsjinstanner, mei mar 1 goeie ledekeatser.
    Helaas, Easterein ferlear kansleas 5-1.

    De Freule is wunt troch favo Wjelsryp.
    Takom jier better.

    Oan safier de fryske sport, have fun yn China

    groetnis Watse

  • 14 Augustus 2008 - 09:12

    Hinke:

    Ni hauw Dukkie,
    Ha ik dy spotten by it hocky? It gie sa hurd, mar it like der wol op. Al wie it net de fryske flagge, mar de Ned. Ik wit seker dat der ek in poepke op siit.
    Have fun.
    Groetis bufke

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 930
Totaal aantal bezoekers 130094

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: