Message 22: Back in OZ! - Reisverslag uit Three Springs, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 22: Back in OZ! - Reisverslag uit Three Springs, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 22: Back in OZ!

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

14 Juni 2008 | Australië, Three Springs

____________________________________

Peking-countdown: noch 55 dagen!
__________________________________


Yn ien fan myn foargeande ferhalen berjochte ik mei de titel ‘Good times, bad times’. Dizze fjouwer wurden hienen likegoed ek boppe it epistel stean kinnen, want tsjinoer de moaie belibbenissen stiet in fikse teloarstelling. ‘Bad times’ dus yn OZ. Soms sit it mei, soms sit it tsjin. Mar hoe dan ek, myn fotokamera is fuort! Tsjah, dat is efkes skrikken. Dat wie (net ferrassend) ek myn reaksje doe ik dit untdekte, mar dan kear 1000! Mar omdat in spreuk seit; ‘always look on the bright sight of life’, bin ik sterk geneigd om dat ek te dwaan. Boppedat komt der nei rein altyd sinneskyn, dus dat beloofd wat foar de kommende tiid! Seker yn it lan fan de riizende sinne...

Mar ik bin wer werom wer’t ik myn reis begong; it fertroude Australie. Dit geskiede alwer hast twa moanne lyn, 25 april. Goh, wat is dat alwer lang lyn. Ik gong fan 18 graden yn Christchurch nei 30 graden yn OZ. Nei oankomst der bin ik op deselde dei noch trochflein rjochting Airlie Beach, de gateway nei de fameuze Whitsunday Islands. Dit wie ek it décor fan in trije-daagse syltrip.
Sa’n trip betekent koartsein dat je mei in oantal medebackpackers trije dagen op in sylboat trochbringt om sa de ‘adembenemende’ Whitsunday Islands te untdekken. Dit op in boat, genaamd The Card, dy’t ek oan oceaanraces meidien hat. In échte sylboat dus. De aktiviteiten oerdeis bestoenen ut sa ut en troch syle, snorkelje boppe it Great Barrier Reef en boppe-al: relaxe. Heerlyk! Foaral it snorkeljen is der in nije ferslaving fan my wurden. Foaral doe’t ik op in gegeven moment boppe in gigantisch grutte seeskildpad swom. Net te beskriuwen wat foar in gefoel at der doe troch my hinne gong. Ik waande mysels yn in documentaire fan Discovery Channel.
Sonde dat ik jim net myn foto’s sjen litte kin fan dizze dagen (doe hie ik myn kamera noch), mar nim fan my oan dat dit werkelyk wier in prachtig stikje Australie is. Boppedat wie de groep fan dizze trip, 7 Dutsers, 2 Zwitsers, 2 Ieren, 2 Chinezen, 1 Ingelsman ek uterst oangenaam. Dat makke dan ek dat dit ien fan myn beste dingen wie dat ik yn OZ dien ha.

Nei dizze geweldige dagen wie it doel om rjochting Bundaberg te gean. Tidens de busreis fan Airlie Beach nei Bundaberg is myn kamera stellen. Helaas, peanutbutter. Bundaberg wie in ‘alde’ bekende foar my, want der gong ik hinne om der myn foarmalige wurkjouwer te visiteren foar in wike. Ein ferline jier ha ik sa’n 5 wike foar him oan it wurk west. Hy wie ek degene me syn eigen racetrack yn syn eftertun. Gedurende dizze wike ha ik ek wer in pear dagen de hannen ut de mouwen dien. Myn salaris bestoen ut in nije fotokamera. Dertroch kin ik jim dochs op in oantal foto’s trakteare.

Nei ofskied nommen te hawwen fan de famylje Strathdee gong de reis fjirder rjochting ‘dobbel joe ee’, WA, oftewol West-Australie. Doel wie, en is noch steeds, om genoch finansjele earmslach te creeeren foar myn leste reiswiken, wer’t rom twa wiken mei sussen Karin en Wilma op it programma stean en fansels de Beijing Olympics.

Mar goed, no moat ik net te snel gean. Op snein 11 maaie hie ik in flucht fan Brisbane nei Perth. En dan hjear ik jim sizzen: “Perth? Is dat net.....??” Ja, dat is de thúshaven fan ‘ús’ Janna. Fansels mocht ik dizze gelegenhyd net foarby gean litte om in dei mei har troch te bringen. In soad byprate en tuskentroch liet se my de moaiste plakjes fan Perth sjen. Gek eins om dat bypraten hielendal oan de oare kant fan de wrâld te dwaan, mar we ha it tige gesellich han. Sy stiet op it punt om ynkoarten trouwen te gean yn Kanada, mar dat wisten jimme fansels al.

Deis dernei gong ik dan écht nei myn wurkadres yn in plakje dat lústert nei de namme Three Springs, sa’n 300 km ten noarden fan Perth. Hjir bin ik terjochte kaam troch myn Amsterdamse freonen (Ja, der binne se wer), Milco en Lesley. Sy wienen hjir doe al sa’n 6 wiken oan it wurk tegearre ‘die-hard’ PSV-fan Guus. Him ha ik learen kinnen tidens de Australian Open yn Melbourne. Fia harren hie ik fernaam dat se hjir noch wol ien bruke koenen, dat koe ik net oan my foarby gean litte.
Sa bin ik hjir no alwer rom 4 wike oan it wurk op in buorkerij foar fleiskij. Myn taak is om dizze bisten eltse dei foar iten/foer te fersjen. Tidens de simmer kinne dit sa’n 12.000 bisten weze, mar no’t de winter (echt kald wurd it hjir trouwens net) hjir op it punt fan losbarsten stiet binne it noch ‘mar’ 5.000. Dizze taak ha ik oernaam fan 'boer' Lesley. Dat fuorjen doch ik mei in grutte mengfoerwein dy’t ik folgooie moat mei in shovel. It foer bestiet foar it grutste diel ut graan, oanfult mei hea en strie en wat mineralen. Yn de moarn doch ik sa’n 4 ‘feeds’, fan sa’n 10 ton elk. Yn de middeis doch ik itselde. Tuskentroch moat ik foarrie fan it hea en strie op peil halde en wat underhald plege oan de machines. Dit bevalt oant no ta tige goed. Hjir lit ik myn sprekwurdelike tenten opstean oant medio juli.
Ien wike nei my binne der ek noch twa oare NL-ers hjir wurkjen kaam, de jongens fan IJmuiden, Michel en Roan. Sa wienen we hjir op in gegeven momint mei syn seisen oan it wurk, seis Peking-gangers. En se wiene hjir tige wiis mei us. Inderdaad wiene, want op dit stuit binne we hjir noch mar mei trije dutchies oan de slach. Hast trije wiken lyn is Lesley der fantroch gongen, nei Thailân. Ferline wike is Guus efter him oan gongen en Milco hat se sûnt ofrune tiisdei fergeseld. Nei dit wykein bin ik noch mar hielendal allinich oer, want dan giet IJmuiden ek nei Sud-East Azie. De 6e fan augustus sil ik harren wer sjen yn it Holland Heineken Huis yn Peking.
We wennen mei syn allen yn ien hus, dy’t neist satteliettillevizje en fersjoen is mei in tafeltennistafel. De satteliet komt op dit stuit hiel goed ut, der kom ik letter noch op werom. Mar de tafel wurdt eltse dei brukt. Guus wie dochs wol de King of the table, mar no’t hy der fantroch is bin ik de ofrune wike soad mei Milco oan it boartsjen west. Utslach wie op it lest 40 games fan 11 punten tsjin 5 ‘earsten’, yn it foardiel fan Feyenoord...

Undanks dat ik ofrune 4 wike hast eltse dei oan it wurk west binne, ha we dochs noch tiid fun om in oardel dei yn Perth troch te bringen en der in rugbywedstriid by te wenjen. Dit wie ferline wike snein. Mei in flink tekoart oan sliep, oarsaak hoech ik tink ik net te jaan sjoen it feit dat we de deis der foar oankamen, setten we koers nei it Subiaco stadion wer’t pleatselike trots Fremantle it op naam tsjin Port Adelaide. Mar dit rugby wurd net spyle folgens de traditionele regels dy’t wy kinne, mar folgens de Aussie Rules, de AFL. Der is minder lichamelyk kontakt en de bal wurd foaral passed mei de foet. Oan eltse kant fan it fjild steane 4 pealen, wat oan eltse kant 3 goals oplevert. Hjir kin troch scoart wurde troch de bal fanut de hannen trochhinne te sjitten. De butenste twa goals leverje 1 punt op en de middelste 6. Ik hoopje dat jim it in bytsje folgje kinne. Ik soe sizze besjoch de foto’s, miskien wurdt it dan wat dudliker.

Ofrune moandei wie in dei dy’t ik net wer snel ferjitte sil. Oerdeis oan it wurk, seis oere thús, in bytsje ite en doe snel myn nest yn, want om middernacht wie de ôftraap tusken Frankryk en Roemenie. Dat it hjir om it EK fuotbal giet sil dudlik wêze. Nei dizze teloarstellende pot wie it tiid foar it spektakelstik Nederlan – Itaalje. Om 02.45 pleatselike tiid wie de ôftraap. It hus fersiert en gehuld yn oranje en in bierke yn de han ha we us folledig ferbaze litten troch us helden. Wat in wedstriid! Sit ik hjir oan de oare kant fan de planeet, wurde we gewoan Europees kampioen...! It sil dochs net. It moaie is boppedat ek noch dat we fia Setanta Sports nei de Britse BBC sitte te sjen mei ûnder oare Gary Lineker en Alan Shearer. Mei de noas yn de buter, sa doar ik it wol te stellen.
En doe wie juster wer sa’n dei. It kin net op! Lit dy Dútsers mar komme! Oh ja, miskien lizze dy der dan al út...

Ik hoopje dat ik jim sa wer in bytsje gerêst stelt ha dat ik noch steeds yn libben bin. It wie dochs alwer in flinke tiid lyn. Ik hoopje mar dat jim it my net kwea ofnimme, mocht dat wol it gefal wêze dan nedich ik jim fan herte út om hjirunder jim gal te spuien. Ek foar fragen/opmerkings kinne jim hjir terjochte.

Ik hoopje dat alles goed is yn Fryslân. Der gean ik eins wol fanút, sa mei de Eastereinder doarpsfeesten foar de doar. Ik sil hjir myn eigen matinee halde en sil oan jim tinke. Ynkoarten folget der ek in Peking-update op dizze side.

Oant dan!

Groetnis fanut Three Springs,


DYS


P.S. Omdat ik my op it stuit yn de middle of nowhere befyn, ha ik helaas gjin berik mei myn mobiele tillefoan. SMS-berjochten dy’t de ofrune 4 wike nei my ferstjoerd binne, binne dus ek net oankaam. Mochten jimme dochs de behoefte ha om my te berikken dat kin dat fia de mail of op it tillefoannumer fan us hus. Dat is 0061 8 9954 1782. No worries mate!!

  • 14 Juni 2008 - 09:45

    Helga:

    Hoi Dirk-Yde

    Wat wer een moai ferhaal.
    Wat belibbest der toch een soad. Tiisdei krij ik de sleutel fan mijn nije hús. Bin no drok oan it yn pakken. Ik winskje dy noch folle wurk plesier.

    Groetnis fan helga

  • 14 Juni 2008 - 12:36

    Mirije:

    Hee dirk yde, wat weer een mooi verhaal. jeetje wat beleef je veel en wat zonde van je camera... Maar zo te zien vermaak je je nog wel. Ook gaaf dat je janna gezien hebt.super. veel plezier nog daar!!
    P.s. Jullie nieuwe hondjes silke is echt een schatje!!
    groet mirije

  • 14 Juni 2008 - 12:49

    Janneke Vd E:

    hee DY
    machtig ferhaeltsje hjer.. Ik lieuw dasto dy noch net ferfele silst der! Werk se en geniet se!
    See ya JANNEKE

  • 14 Juni 2008 - 16:45

    Janny:

    Wie wol wer benijd nei dyn ferhaaltsje, mar klinkt nog steeds goed! Have fun de leste wiken yn aussie-lan en genietse bij de Olympische Spelen!!
    x Jan

  • 16 Juni 2008 - 13:24

    Hinke:

    He buum,
    Prachtig wat in ferhaal, betiden is it krekt as beleve wy it ek. Wy sitte ek op it puntjse fan de stoel mei it fuotbaljen... skitterend sokke wedstriden. No werkse en genietsje mar lekker. Ik soe sizze: Tai sjen!

  • 16 Juni 2008 - 16:31

    Douts:

    He Durrrk!
    Einliks wer in ferhaaltsje!! Jee!! ik hie al in bytsje worries jer oer dyn bestean der en dan ek noch sa lekker oanberikber. Mar gelokkich is alles dikke P.
    Jammer fan dyn camera sis, dat wie in pracht ding. Mar goed, krekt watst seist.. der binne slimmere dingen fansels. En do hest ynmiddels alwer in oare. En wat hest in noch moai der.
    Wy binne alwer in dikke 3 moanne thus. Jonge jonge, de tiid fleant om. Begjint it no wol wat te missen jer. Pff, soe graach noch werris werom fleane!

    He maatie, noch in hiel soad wille. En lit us net wer sa lang nijskjirrich weze hin?!!

    Leafs douts

  • 16 Juni 2008 - 19:35

    Jan:

    Hé beste jonge!
    Tsjonge jonge jonge! Do bist ek in mooien. 2 Moanne lang moat ik my ynhalde mei myn nye update. 2 Moanne lang else dei efter de kompjoeter om te sjen ast dan miskien hjoed in mailtsje stjoerd hast. 2 Moanne lang net yn sliep komme kinne omdat ik my sa'n soarchen makke ha oer dy en yn wat foar situasje ast wol net sitte soest. Alles is my al troch de holle sketten, de ergste senario's ha de revu pasjeare. En dan meldst do dy dealeuk mei de meidieling dast drok kei oan it iten jaan bist ergens yn the middle of fucking nowhere. En dan joust ek nog kei iten die de oare dei, as it in bytsje tsjinsit,
    2 Moanne......
    2 Moanne is net neat Baarda. Seker net as je betinke dat ik in update stjoere moat fan wat ik de ofrûne 2 moanne allegear belibbe ha en ik al net iens mear betinke kin wat ik justerjûn iten ha!

    Do kinst dy hooplik begrype dat ik op dit stuit wat fan it sintrum bin. Emotioneel siet ik finaal oan de grûn. Sterker nog ik siet yn de djipste put die je je mar betinke kinne, en dan ek nog sûnder snorkel Baarda! It komt der op del dat ik der dus folle minder oan ta bin dan do op dit stuit. Uteindlik bin ik fierder fan hûs as dast do ooit wêze sist. Ik bin brutsen en do?.......
    Do bist dyn kamera kwyt.....
    Tsja, wat sil ik der fan seze. "Sneu", "bale man" of "kop op!"
    Grote Vriendelijke Reus Baarda! Ik sit hjir as brutsen man, mar ik moat my der ek wer oerhinne sette. Ik moat krekt as dy, de positieve dingen fan it libben wer sjen. Baarie ik fyn it sa knap dast do dy alwer oer die kamera hinne setten hast. En dat terwyl ast do snorkelend en wol yn de oceaan dobberst. Tsjesus wat knap. Dast do, mei neat om hannen, toch sa gau wer dyn emotionele tastân wer op de rails hast, FANTASTISCH, DJIP RESPEKT, PETJE (cowboy hoedje) AF!!!

    En dan as leste nog efen in lyts puntsje fan oandacht. It falt my op dast do nogal gevoelig bist foar ferslavingen. Sa hast der, nei ik al dyn updates nog in kear trochlies, yn Australie oant no ta 14 ferslavingen by krigen. En ik tink dat ast dyn eagen nog is wat better iepen dochst, dast der nóg wolris wat ferslavingen opdwan kinst. Tip fan Jan; let is op die minsken dy´t mei sa´n rikjent ding yn´e mule rinne. As op minsken dy´t else moarn lekker my in blikje bier yn´e han nest hun doase wekker wurde. As op.......

    It is toch net gewoan. Sjaarda, sjoch no wast oanrjochte hast. Dit komt der fan as ik my 2 moanne ynhalde moat. Ik hoop ast gau wer wat heare list!

    Dikke tut Jan, Lisanne en Marije(dy dit ferhaal earlik sein net lezen ha, mar ik tocht: se fyne it fest leuk dat ik se der efen by set. Mar net lilk op harren wurde dus.)

    P.s. Flik it net om my no ut de maillist te skrappen!

    Love You!

  • 17 Juni 2008 - 08:10

    Gerrit F.:

    He grutte Tsjaarda,

    Tink moat ek mar wer es wat fan my litte hjeare! Femakkest dy mar best hjear ik wol. It is spytig dast der net bist mei de feesten. Hoop dat de organisaasje rekken hat hoden mei it aantal kratsjes bier dat besteld is.... Kin my it vorige ier noch vaag herrinnerje, Sjaarda 10 kratjes...nou ja sa seachdest der wol ut!Mar goed dat is west! We sille dy misse! Oant sjen en oant snel( ek foar Jan fansels )Gr. Gerrit en Geart

  • 17 Juni 2008 - 17:30

    Tsjerkje:

    Hiya!

    Whats the craick!
    Wer een brilliant verhaal (foaral dat van Jan,hihi)
    Moai, sil my klear meitjse foar de wedstriid... Do ek succes fannacht!

    Have fun!

    Leafs,

    Tsjerk

  • 18 Juni 2008 - 16:41

    Sjoerd:

    Moai dast der noch bist Baarda!
    Dudlik ferhaal, noch altyd nei't sin, goeie saak!

    Groetnis, Sjoerd.

    p.s. Jan, ha wolris in skerpere analyse fan dyn deilikse saken lêzen. Sa as de kleur fan it romperke fan Marije ensafuorthinne, dat binne nochris leuke dingen om te witten!

  • 22 Juni 2008 - 12:16

    Anke:

    Hi Durk!

    Lês nò pas dyn ferhaal en moat eins no rjochting myn wurk.. Sil snel reagere op boppesteand ferhaal! Bin bly wer efkes wat fan dy te hearren!

    Tùtten!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 596
Totaal aantal bezoekers 130097

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: