Goodbye Vancouver! - Reisverslag uit New York, Verenigde Staten van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Goodbye Vancouver! - Reisverslag uit New York, Verenigde Staten van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Goodbye Vancouver!

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

01 Maart 2010 | Verenigde Staten, New York

Fol ferbjustering sieten Samme en ik ferline wike tiisdei hjir yn Vancouver yn de Richmond Olympic Oval. Fansels ha ik it oer de 10.000 meter reedriden foar manlju dy’t doe dwaande wie. Sven wie mei syn rit dwaande en wie ûngefear healwei. Yniens seach ik dat de tiidswaarnimming ús yn de steek liet, it wie yn de war. Al gau seach ik ek dat Sven en Skobrev yn deselde baan riden. Wa sit yn de ferkearde baan? Wa fergoait hjir syn Olympyske dream? Myn hert begong te bonken. Ik tocht; ‘Dit sil Kramer dochs net oerkomme? Nee fansels net, dat is him noch nea oerkaam, dat kin no dus ek net!’ Dat antwurd op myn eigen gedachten fûn ik op dat stuit ek erch realistysk.
Ik seach nei Gerard Kemkers en koe waarnimme dat hy Sven noch hieltiten foarseach mei de nedige coaching. Mar drekt dernei koe ik ek sjen hoe’t Gerard troch syn knibbels sakke. In sms-ke fanút Nederlân wie dernei de befêstiging dy’t ik net witte woe, en eins ek noch hieltiten net witte wol! Sven Kramer wie op it toernoai wêr’t hy al fjouwer jier nei talibbe hie de ferkearde baan ynstjoerd troch syn coach! It is noch steeds net te beseffen.

Wat is dat dochs mei teloarstellingen? Faaks weachje de hichtepunten net op tsjin de djiptepunten. Bliuwe de teloarstellingen langer yn ús geheugen gegrift stean as de positive ferrassingen. Mar goed, we moatte troch, pffff....

No wol ik ek wer net te dreech oerkomme. Wy as taskôgers ha prachtige Spelen han! En it sit der alwer op! We ha juster offisjeel ôfskied naam fan ús Holland Heineken House en hjoed noch wat yn de stêd omhongen. Samme en ik stappe oer trije oeren yn it fleantúch nei New York, wêr’t we noch trije dagen ferbliuwe sille. Freedtemoarn om in oer as 11.00 hoopje we dan wer feilich te lannen op Schiphol.

Miskien noch in updeet fanút The Big Apple, mar gean der net fanút...

Oars oant freed!


DYS



Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Verenigde Staten, New York

Vancouver 2010 Olympics

Recente Reisverslagen:

01 Maart 2010

Goodbye Vancouver!

22 Februari 2010

Olympic Winter Games?

19 Februari 2010

De earste dagen yn Vancouver

16 Februari 2010

Let the games begin!

01 Februari 2010

Vancouver 2010 Olympics
Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 2420
Totaal aantal bezoekers 130103

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: