Vancouver 2010 Olympics - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Vancouver 2010 Olympics - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Vancouver 2010 Olympics

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

01 Februari 2010 | Nederland, Amsterdam

Nei hast oardel jier wer ris in teken fan libben fanôf www.dys.waarbenjij.nu! Sa as sa faak dekt de titel de lading fan it relaas dat folget. Dat is dizze kear net oars; Vancouver 2010 Olympics!

Of soe dizze stêd oan de westkust fan Kanada oer sa'n lytse 5 wiken omturnt wêze yn Svencouver? De tiid sil it leare... Feit is wol dat ik alwer oer sa’n twa wiken (tegearre mei Samme O.) it fleantúch yn stap om dit unike evenemint te belibjen. Nei myn besite oan Peking yn augustus 2008 is dit alwer myn twadde Olympysk aventoer en it beloofd wer in geweldige tiid te wurden!

Binnen ús reisgeselskip is der ek plak ynromme foar trije keardels dy’t mei my yn Beijing west hawwe. Yn syn totaliteit sille we mei ús seizen dit appartemint (http://www.goldencityrentals.com/rnt/listing/view/524) yn Vancouver bewenje. At jimme goed oplette by de foto’s, dan sjogge jimme op ien fan de ôfbyldingen de Richmond Olympic Oval lizzen! De hal dat it toaniel is fan it reedriden fan. En lit dát no krekt it plak wêze wêr’t de Hollânske goudkoarts syn absolúte hichtepunt berikke moat. We binne yn de gelokkige omstannichheid dat we by trije ôfstannen fan it reedriden oanwêzich wêze kinne, te witten de 1000 meter manlju (17/2), de 10.000 meter manlju (23/2) en de finales fan de teamefterfolging op sneon 27 febrewaris. Derneist ha we ek noch tagongskaarten foar de iishockey wedstriid tusken Sweden en Finlân (21/2) en jouwe we ek acte de présence by it bobsleeën op freed de 26e.

Tidens de OS sil ik probearje om sa no en dan ris ferslach te jaan fan ús ferrichtingen yn Kanada. Hoe dat der krekt útkomt te sjen wit ik noch net, mar mear nijs dêroer folget ynkoarten.

Earst litte we de Olympyske koarts stadichoan oprinne.

To be continued....


P.S. En dan ha’k it noch net iens han oer it Holland Heineken House:

http://www.youtube.com/watch?v=iRSPrQKTLKA

http://www.youtube.com/watch?v=B0WtrX8FVx4

  • 01 Februari 2010 - 22:00

    Anco:

    Hé Dirk-Yde,

    leuk om dyn earste ferhaaltsje te lêsen. Goeie saak om de temperatuur alfêst oprinne te litten want sjoch der seker nei út, Svencouver 2010!! Dus dyn kreatieve geest mar goed wurkje litte en lit us meigenietsje! Soad nocht en wille en groetnis oan Samme O.

    Anco

  • 02 Februari 2010 - 07:07

    Douts:

    Wat moai datst wer 'in the air' bist. Ik bin untsettend benijd nei jim belibbenissen der. En wat hest it wederom wer fantastysk foar mekoar âlde!
    Do hest de oranje griep goed te pakken nei simmer 2008 :D!

    In hiel soad plesier! En as de mooglikhyd hast..soe it geweldich wêze ast ús updated haldst!!

    Leafs Douts

  • 02 Februari 2010 - 16:47

    Wilma:

    Hoi broer(ke)!

    Wat hast wer in moaie tiid yn it foarútsicht. Bin best wol in bytsje jaloers.... Mar goed, do must dyn taak dêr mar goed útfiere: dat it net allinnich Svencouver wurd mar ek in bytsje it Vancouver fan Simon Kuipers! Ik hâld dy yn de gaten wannear at we hjir midden yn de nacht fol spanning foar de tillevyzje sitte.

    Have fun!

    Wilma

  • 02 Februari 2010 - 18:00

    Janny:

    Toe mar wer..moai wer ff in reiske foar de boeg. Meitsje d'r in gesellige tiid fan!

    xx Janny

  • 03 Februari 2010 - 19:50

    Hink:

    Fantastisch dast dêr hinne giest! Enne... hast it fest al heard, mar de 1000 meter sil ik gesellich mei Wilma sjen under it genot fan de nodige rosé! It riden sjen, mar foaral ek sykje nei jimme op e tribune! Dyn hyves pagina hoecht net oan past te wurden; die is nei twa jier nog steeds oranje; mar we ferwachtsje natuurlijk nei de spelen wol een nije profielfoto mei....Amalia miskien; as har mem?
    We blieuwe dy folgen.
    Hinke

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Nederland, Amsterdam

Vancouver 2010 Olympics

Recente Reisverslagen:

01 Maart 2010

Goodbye Vancouver!

22 Februari 2010

Olympic Winter Games?

19 Februari 2010

De earste dagen yn Vancouver

16 Februari 2010

Let the games begin!

01 Februari 2010

Vancouver 2010 Olympics
Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 549
Totaal aantal bezoekers 130087

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: