Message 26: Viva Hollandia op de OS! - Reisverslag uit Beijing, China van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 26: Viva Hollandia op de OS! - Reisverslag uit Beijing, China van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 26: Viva Hollandia op de OS!

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

16 Augustus 2008 | China, Beijing

Minsken,

In oantal wiken lyn wie der sa'n dei op in freed dat ik my iets oars fielde as oars. It wie namelyk matinee-tiid op de Eastereinder doarpsfeesten. Ynmiddels tink ik net iens mear oan dy dei, want hjir yn Peking is it eltse dei/jun matinee-tiid!!
It hjit it Holland Heineken House en foaral wannear der in huldiging is nei medaillewinst sit de sfeer der, lit ik it sa sizze, 'goed' yn.
Ik sil yn it koart in update jaan wat wy de ofrune oardel wike belibbe ha. Dit barren is werkelyk wier in unieke belibbenis dy't ik foar gjin goud misse woe. Der geane we dan.

Foarige wike tongersdei sieten we yn it stadion by de wedstriid fan it Nederlansk alvetal tsjin Nigeria. Teloarstellende wedstriid, dy't spiele waard yn Tianjin yn in prachtig stadion fan sa'n 80.000 minsken. Wy waanden us der wiere Hollywood-stjerren, sa waarden we der unthaald. Jim moatte jim jim foarstelle; wy lukten erg soad bekijks mei us originele tenue (sjoch foto). Eltse Chinees woe mei us op de foto en se kamen ut alle hoeken wei. At ik op mear as 200 foto's kaam bin, lieg ik net.

Mar goed, freeds ha we de iepening yn it HHH (Holland Heineken House) sjoen en sneontejun ha we de bronzen medaille fan judoka Houkes fiert en in optreden fan Jan Smit han.
Ferline wike snein sieten we yn de judohal en seachen we Dex Elmont die helaas syn twadde partij ferlear. Wol wer Jan Smit yn it HHH mei itselde repertoire...

Moandeitejuns sieten we by myn nije favoriete sport; it beachvolleybal. Wat in prachtige sfeer der! Musyk tusken de punten troch en in moai stadion. Schuil en Nummerdor wunen nei (neffens my) trije sets. Letter dy jun ha we it sulver fan Deborah Gravenstijn utbundig fiert mei in optreden fan Guus Meeuwis.

Ynmiddels kinne we in broer fan Bram Ronnes fan it beachvolleybalkoppel Ronnes en Boersma wertroch we op tiisdei wer by it beachvolley sieten. Prachtige sfeer wer mei al dy Hollanders, helaas wol ferlern. Juns wer feessie yn HHH mei DJ Erick E.

Woansdei hienen we wer in judodei. Sunder kaarten, mar mei goede hoop probearren we op de swarte markt us slach te slaan, wat hiel makkelyk slagge. We ha Mark Huizenga (juns derfoar noch lang mei syn alders praten) syn alderleste partij judo-en sjoen. Derneist ha we Edith Bosch in bronzen medaille wun sjoen. Myn earste medaille, wer't ik live by wie. Dernei wie it noch net dien, we moasten noch nei it heren hockeyteam: Nederlan-Great-Brittain. (Ja Hinke, it kin dus kloppe dast my der sjoen hast!) Gjin spektakel helaas, mar wol wun. Juns fansels wer huldiging fan Bosch.

Tongersdei wie fansels de dei fan us Pieter VDH. Helaas ha we gjin kaarten bemachtigje kinnen hjirfoar. Koe noch wol in kaart keapje foar EUR 600,-, iets boppe myn budget. Jammergenoch koe VDH gjin echte potten brekke en boppedat gjin huldiging, wat miskien noch wol folle erger wie....
Juns wer fia de broer fan Ronnes by it beachvolleybal sitten, dy't se fia de herkansing ferlearen.

Juster hienen we dan in juntsje tennis. Heale finale alwer tusken de nije nummer 1 fan de wrald Rafael Nadal en Novak Djokovic. In pot fan heech nivo dy't uteindelyk yn trije sets (2-1) wun waard troch de Spanjaard, tevens myn favoriet. Derfoar wie noch in partij tusken Jankovic en Safina, dy't de lestneamde wun hat.

Hjoed ha ik wat energie bijtankt troch wat ekstra te sliepen en ha we fannemiddei efkes yn it HHH west. Jun wer fuotbal sjen mei dernei wer in optreden fan de Edwin Evers band.

Moarntejun sitte we by it atletiek yn it National Stadium, ek wol bekend as it Vogelnest. Dan stiet der under oare de 100m sprint foar froulju op it programma.
Derneist probearje we no by eltse beachvolleybalwedstriid fan Schuil en Nummerdor te wezen, salang se der noch ynsitte fansels. Ek ha we al kaarten foar beide hockeyfinales foar sawol de dames as de heren.
Ik sil noch probearje om by it baanwielrennen te kommen en wellicht moarn noch by it swemmen fan Marleen Veldhuis (wat in leuk interview juster nei har 100m....) op de 50 meter vrije slach.

Koartom, noch genoch op de planning! Dit is echt uniek om hjir by te wezen. It is ien grut feest. Foar de rest luke wy as groep zijnde ek hiel erg soad bekijks mei us tenues. Eltsenien kin us yn it HHH en derbuten meitsje wy ek al namme. Sa binne wy te sjen west op de Amerikaanske sender NBC en steane wy op de webside fan de Washington Post. Op Heineken.nl steane we fest ek wol op in ien of oar filmke. Ek stean ik noch op in foto op de Radio538-side.

We gean yn folle faart troch. Mochten jimme my kontakte wolle dan kin dat op nummer 0086 1501 1370 029.

One world, one dream, one HHH!

It giet jimme goed!



DYS

  • 17 Augustus 2008 - 08:05

    Hinke:

    Ni hauw Dukkie,
    Ik liuw dat ik deselde kriebels fiel as dy as ik dyn ferhaal les. Prachtig. Genietsje do mar lekker, ik sil hjir myn best dwaan as wy dy wer earne spotte sille. Ik ha krekt it roeien sjoen fan de froulje... GOUD. Dus do silste wol wer in feesie ha. Kinst trouwens ek wol fris krije yn it HHH (dan binne jo de oare deis ek frekte fit haha).
    Tai sjen....
    Buufke Hinke

  • 17 Augustus 2008 - 10:18

    Hé DY!:

    Ik sit plat foar de tillevyzje om in glimp fan dy op te fangen.. helaas oan't no ta noch net slagge.. Wat hest it prachtich der! Machtich dyn ferhaal. Hie der wol by weze wolt.
    Noch in hiel soad plesier der en doch de groetnis oan de a'dammers!

    Leafs douts

  • 20 Augustus 2008 - 09:41

    Ha Dirk!:

    Potverdikke, ik krij bliikbar gjin mail mear oer dyn ferhalen! Hearde fan Douts oer dyn neie ferhalen en ha nò efkes flink byleze kinnen. Prachtig om te lezen wast allegear meimakkest. Wat uniek hè! Geweldig! Jim klean komt ùt Thailand toch? Sjocht dr goed ùt! haha, en dr wurde flink wat foto's makke dus.

    Noch efkes en de bist wer thùs! Wat een omslag sil dat wurde. Hie ik al ferteld dat ik yn Oktober nei Vietnam sil? it komt steeds tichterby, ha dr sa'n sin oan! 5 wiken sil'k fuort, een stik koarter dus as de foarige kear..
    Douts en ik hiene it er al efkes oer hàn, as't wer thùs bist meitsje we snel efkes een òfspraak!

    Geniet nò noch folop fan dyn fakansje en it feest dèr! Het is je gegunt!
    Soad leafs fan Anke!

  • 20 Augustus 2008 - 09:44

    Anke:

    Ps. Ik ha guus al op de buis sjoen! haha. Tùt!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 680
Totaal aantal bezoekers 130120

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: