Message 24: Karinenwilmaynaustralie.waarbenjij.nu - Reisverslag uit Sydney, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 24: Karinenwilmaynaustralie.waarbenjij.nu - Reisverslag uit Sydney, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 24: Karinenwilmaynaustralie.waarbenjij.nu

Door: Karin en Wilma

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

02 Augustus 2008 | Australië, Sydney

G’day mates,

Ja, hjir dan einliks in stikje fan de gezusters Sjaarda yn Australië.
In reis fol utdagingen en at we it dogge dan dogge we it gelyk goed.

Nei 2 dagen reizgjen seagen we D-Y nei 10 moannen wer. Sneintemoarn 20 july om 6.30 oere om presies te wezen!
Hearlik om wer mei him krupe te kinnen, mar nei in oere wie it eins wer deagewoan.

We binne yn it fleantuch stapt en it ienige wat we wisten wie dat we yn Adelaide oankomme soenen en dat we 5 aug. yn Sydney weze moasten.
Wat der tuskenyn lei wisten we net. Lokkich hie D-Y in planning make. In frij drokke en strakke planning meie we wol sizze.
Hjir under in koarte gearfetting.

Nei 2 dagen Adelaide mei in utstapke nei de set fan McLeods Daughters troch nei it natoerreservaat The Grampians. Prachtige natoer!

Dernei nei it suden setten nei The Great Ocean Road wer in route fan sa’n 160 km lans de kust giet. We binne stoppe by de 12 Apostles en The London Bridge. Wer prachtige utsichten.

Sa bedarren we op de 4e dei yn Melbourne. Der ha we in runlieding han troch de Rod Laver Arena wer de Australien Open tennist wurdt. Dernei in Footy-game besjoen (rugby sunder rigels?!) en ha we oer it Albert Park run (Formule 1). Hjir ha we de prachtige skyline fan Melbourne op de foto setten.

Snein 27 july binne we nei Phillip Island ridden wer’t we juns de lytse penguins oan lan kommen sjoen hawwe en ferfolgens nei harren hol waggeljen sjoen hawwe.

Moandeis wie in autodei: fan Phillip Island nei Canberra, in toer fan sa’n 11 oeren. Yn Canberra hie D-Y in boadskip te dwaan: syn Chineeske visum regelje, dit slagge net hielendal dus we moisten der freeds wer hinne.
Earst mar troch nei Thredbo, nei de snie. Karin en D-Y gean hjir te skieen, Wilma sil hjir wat lounge en de wask dwaan. Wylst jimme der yn Nederlan hast weirane befriese wy hjir sawat. Karin sliept al in wike lang mei sokken oan en sjaal om en dan toch noch de snie opsykje… je mut d’r wat foar oer ha! Underweis nei Thredbo earst mar thermo-klean foar Karin kocht.. It wie der de earste dei prachtig waar, lekker sintsje, gjin wyn en geode snie. De twadde dei wie it wat minder: hurde wyn en gjin sinne, mar Karin en D-Y bin echte die-hards, dus se ha de hiele dei op skies stein.

Freed 1 aug wie foar D-Y de dei fan de wiirheid, kriget hy syn Chineeske visum? Om 6.00 oere ut de fearen, 2.5 oeren ride om mar op tiid te wezen yn Canberra. En ja hjer, it slagge! De Chineeske troela fan de ambassade gunt D-Y syn tripke nei Beijing en kriget dus syn visum. Dan gean we troch nei Sydney, nei san 5 oeren ridden bedarje we op it Olympisk Park wer we yn it swimbad west binne wer at Inge en Pieter hun gouden medaljes wunt hawwe. Juns gean we troch nei The Blue Mountains. Hjir ha we de folgende moarns wer de prachtichste utsichten sjoen werunder The Three Sisters. Dernei wer werom nei Sydney wer we us settele ha yn it ienige 5 stjerren hostel fan de sted. Hjir sil we noch oan’t freed bliuwe en dan sit us trip der al wer op. Woansdei sil we D-Y utswaaie wannear at hy rjochting Beijing gjit.

Dat wie ‘em oant sa fier. Oer inkele dagen ferskynt der noch in Peking-update fan Dirk-Yde.

It alderbeste!


Karin en Wilma

  • 02 Augustus 2008 - 16:00

    Hinke:

    Wat is dit leuk om te lêzen en te sjen!!. Ek de foto's van DY's ferblieuw ha'k besjoen. Een geweldige lân. Genietsje nog lekker fanke!! Foar dast it wist hast wer mei mij te dwaan. Mar dan earst nog yn'e plane..
    Hinke D.

  • 02 Augustus 2008 - 16:19

    De Beijing Konijnen:

    Dirkie (en je zusters) wat is dat de hele dag??? Wat ziet het er erg koud uit daar? Sjalom, jas, lange broek en schoenen???
    Kom maar schnell deze kant op!!! Wij hebben de zon altijd op ons pannetje.

    Nog 4 naggies en we staan weer met zn allen te pilzen!!!


  • 02 Augustus 2008 - 16:27

    Helga:

    Hoi

    wat een prachtich ferhaal en super moaie foto's. Kin it my inderdaad net foarstelle dat jim der yn de snie stean en dat wij it hjir erg warm han ha. Noch maar lekker genietsje en oant folgjende wyke.
    Oja Ik bin ek ferhuze.

    Gr jimme Sus

  • 02 Augustus 2008 - 17:01

    Mem:

    Wat een prachtige foto's en een mooi verhaal. We kunnen merken dat jullie genieten. Ik wist niet dat het daar ook zo koud kon zijn of heeft Karin dat van mij? Geniet nog maar een paar dagen en tot volgende week. Om deze tijd volgende week zijn jullie weer in nederland.
    Tut voor jullie alle drie. Groetjes ook van heit.

  • 03 Augustus 2008 - 09:28

    Ingrid:

    Hey Karin (en Wilma en DY)
    Ik kry krekt dyn sms en bin geliek efen sjen gongen.
    Leuk hjer mien collega's wolle der ek wol hinne (bin namelik oan it wurk)
    Moaie foto's en in leuk ferhaal.
    Tot de 10e tink?
    Of hast dan lest fan dyn jetleg???
    Folle plesier nog.
    Groetjes Ingrid

  • 03 Augustus 2008 - 09:30

    Samme:

    Yoh sjaarda's,

    Best wol speciaal om jim dear sa stean te sjen, echt helemaal leuk. En dan wer heerlijk op die skie's yn de snie machtig. Nog een pear dagen dan op nei Beijing. Dat mut ik sisse dat is echt een fantastische owslutter!!

    Geniet nog mar even van dien sussen want die warmte hast wol nedig bij die kjelt.

  • 03 Augustus 2008 - 09:37

    Hanny:

    Hoi hoi,
    Krekt it ferhaal lezen,helemaal leuk!! Sorry Karin,it wie mij in bytsje untgien dat de grutte reis no plak soe fine, net sa leuk fan mij. Ik winskje jim in heel fijne tiid mei syn allen yn OZ en geniet dr lekker fan!!
    Leafs Hanny

  • 03 Augustus 2008 - 18:48

    Jesper:

    Ik bin no wer bij pake en beppe. Kin ik mooi mei silke boatsje en pake helpe te mjuksjen. Ik fyn de foto's wol mooi mei mem en Wilma der op. Ik kin al hiel goed voetballe mei pake beppe kin dat net sa goed.
    No tot sneon dikke tut fan mij

  • 06 Augustus 2008 - 20:19

    Esther:

    he wilma,
    mooie verhalen! wel moeilijk voor mij te lezen, maar het is me gelukt. geniet er nog even van, groeten esther

  • 07 Augustus 2008 - 15:23

    Hinke:

    He hoi allegearre,
    Wy ha krekt de freule achter de rech. Frekte dreeche dei (haha). Ik ha foar it earst wer in borrel han en dizze hakte der wol yn. Mar it wie prachtig waar en o sa gesellie. Ik ha dy der wol mist hjer karin. Ik bin o sa nijskjirrich nei jimme ferhalen .... oant gau.
    En Dukkie, do noch mar efkes lekker genietsje fan dyn tiid yn sjina. Oant gau...

  • 09 Augustus 2008 - 18:58

    Dukke Van Der Weij :

    he durk yde kan het dat jij in het hollandhuis was volgens mij zag ik jou op tv vrijdag nachtom 1.15

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 873
Totaal aantal bezoekers 130093

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: