Message 16: Farewell Australia! But not for good.. - Reisverslag uit Melbourne, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 16: Farewell Australia! But not for good.. - Reisverslag uit Melbourne, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 16: Farewell Australia! But not for good..

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

29 Januari 2008 | Australië, Melbourne

Sa, dit sil foarearst myn lêste epistel fanut Australië wêze. Moarn om 12.40 oere sil flucht QF025 fan Melbourne Airport opstijge om om 18.00 oere pleatselyke tiid te landen yn Auckland, Nij-Seelan. Ik moat sizze dat it my momenteel wol wat in raar gefoel in myn buk besoarget. Nei twa moanne mei Doutsen en Anke op reis sil ik fanôf moarn wer op mysels wêze. Ik sil der wer efkes oan wenne moatte, dat is in ding wat seker is.

Tegelykertiid gean myn gedachten ut nei alle moaie attraksjes fan Nij-Seelan. Witte jimme it noch? In skoftke lyn hie ik myn eigen to-do-list makke, myn eigen checklist fan dingen dy ik graach yn it lan fan de Maori's dwaan wol. Om it geheugen wer wat op te frissen, dit wie him:

- Canoeing/Kayaking
- Diving
- Dolphin swimming
- Mountainbiking
- Sailing
- Abseiling
- Whale watching
- Bungeejumping
- Rafting
- River sledging
- Skydiving
- Surfing
- Hiking

Mar om net drekt fan streek te reitsjen, earst efkes werom yn de tiid. Myn leste wike Australië, hoe seach dat der út?

Wêr wienen we bleaun? It wie ferline wike tongersdei en it wie noch foarnamelyk tennis wat de klok sloech. Net yn it stadion, mar op Federation Square op it grutte skerm yn it centrum fan Melbourne. Hjir wiene we tsjuge fan Tsonga-Nadal. Lykas dat we freeds der Djokovic-Federer besjoen hawwe. Beide utslaggen wiene ferrassend te neamen, mar derom net minder fertsjinne. Wer't hast eltsenien de 'droomfinale' foar eagen hie kamen Tsonga en Djokovic as winners ut de striid. It wie feest op strjitte mei de Fransen en de Serven.

Sneon wie de dei fan de froulju's finale: Ivanovic-Sharapova. Lokaasje wie wer Federation Square. Wat in drokte wer mei safolle minsken, it wie der net minder gesellich om. Nei ofrin fan dizze finale (Sharapova wun yn 2 sets) binne we mei in groepke yn in grut dunsfeest bedarre, in soart dance-valley. Reden foar dit feest wie Australia Day, in nationale feestdei. Noch nea hearder hie ik soks mei makke, mar wat in feest! Ek waard der noch spektakulair fjoerwurk ofstutsen. Al mei al in prachtig moaie dei han.

Tsonga-Djokovic, dat wie dus it affiche fan de manlju's finale fan de Australian Open. Dit ha ik tegearre mei wat freonnen op Melbourne Park belibje mochten, op it terrein fan it tennispark, neist de Rod Laver Arena. Net deryn, mar helaas wer op it grutte skerm. Prachtige wedstriid mei uteindelyk Djokovic as winner.

Juster binne we eins foar it earst Melbourne oan it ferkennen west. It wie hieltiten tennis wat ús dwaande halden hat, mar no't dat der net mear wie koene we us eindelyk op oare saken stoarte. Net dat hjir no sa'n hiele protte te besjen is, mar dochs ha we efkes in runtsje troch de stêd makke.

Tuskentroch bin ik noch wat oan it sporten. Sa ha ik ôfrûne wike tegearre mei myn Amsterdammers twa kear oan it fuotbaljen west. Ek ha ik dernei it keatsbaltsje der efkes bypakt. En oh, wat sieten dy keardels te skriemen dat sa'n 'kaatsenbal' sear docht oan de hannen. Mar dochs ha se harren der in tiidsje oan weage. Sjoch de foto's soe ik sizze.

Ik sil der mar wer in einde oan breidzje. Oant de folgende kear fanút Nij-Seelan!

Groetnis DYS

  • 29 Januari 2008 - 09:49

    Coby:

    Sukses yn Nij Seelan!

  • 29 Januari 2008 - 18:00

    Mem:

    Een goede reis (je zult dit wel niet meer lezen) en veel plezier daar in Nw Zeeland.
    We bellen snel weer.
    tut mem

  • 29 Januari 2008 - 19:20

    Janneke:

    hoi DY hast in goeie reis hant? Nij Seelan moat hieiel mooooi weze! leuk alles bu te halden.
    Folle plesier der groeten ut wommels fan Janneke

  • 29 Januari 2008 - 21:44

    Dirk Yde,:

    Mei ik de keatstfoto's brukke?

    Groetnis Richard en noch in bulte plesier der, bist der yn Weidum wer by?

  • 30 Januari 2008 - 11:51

    Samme:

    Yoh, baarda

    Bin momenteel wer wat ien rustiger vaarwetter kaam. Maar de vloedgolf komt er ien april al wer oan...
    Vet lache dast de austrailien Open sa meimakke hast super. Hiel folle wille en aktie yn NW Zeeland. Ga je zien groet sam

  • 30 Januari 2008 - 11:56

    Jacob-klaas:

    Sjaarda nei al dat tennis matte wij ek mar wer es een potsje tennisje ast werom bist!!! Hoe folle wie de foarige kear ek alwer haha!!!

    Folle plesier jong en rustig oan!

    Groet fan Erik!!!

    Groetnis JK

  • 30 Januari 2008 - 13:21

    Marten:

    Yo Tsjaarda,

    Ik tink dat se yn Heerenveen jaloers binne dat wij in landschaap hawwe, der bij s.c.h. leit ynmiddels alwer in nije gersmatte!!! Lit die Jan mar lkkr lulle soe ik sizze, luk it dy net oan jong!

    Do gjist mar lkkr fjirder mei dyn reis, wij rede us oant no ta noch wol ff. Alinnich der binne net sa folle activiteiten mear sinds ast fuort bist!

    Fette laters,

    Groetnis Marten.


  • 30 Januari 2008 - 16:55

    Helga:

    Hé broerke

    Ik woe dy een hiel soad plesier tawinskje yn Nij-Seelan.
    Bin benijd nei dyn folgjend ferslach.

    Gr. dyn alste sus

  • 06 Februari 2008 - 08:54

    Annalien:

    Hey DY,

    Heel veel plezier in NZ. Ik zou je verhalen blijven volgen en ben benieuwd wat je nu weer allemaal gaat beleven..
    Veel plezier!!

    Groetjes Annalien

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 299
Totaal aantal bezoekers 130091

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: