Message 10: It jier 2008, it jier fan.... - Reisverslag uit Sydney, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu Message 10: It jier 2008, it jier fan.... - Reisverslag uit Sydney, Australië van Dirk-Yde Sjaarda - WaarBenJij.nu

Message 10: It jier 2008, it jier fan....

Door: Dirk-Yde

Blijf op de hoogte en volg Dirk-Yde

30 December 2007 | Australië, Sydney

"Ga je mee naar het stadion
Naar de ploeg van rood en wit
Zoek een plaatsje in de zon
Waar je zo gezellig zit
Kijk ze komen op het veld
Een gejuich uit duizend kelen
Want je staat er van versteld
als de sterrenploeg gaat spelen
Dan is altijd wat je hoort
het lied van Feyenoord"

"Hand in Hand kameraden
Hand in Hand voor Feyenoord één
Geen woorden maar daden
Leve Feyenoord één!"

It sil jim net ûntgien wêze, my seker net, mar myn Feyenoord is de trotse koprinner fan'e Eredivysje. Derom woe ik graach dit nije berjocht fan start gean mei dit goeie nijs, wat sis ik, fantastysk nijs!
Wat jimme fest ek net ûntgiet, is dat ik dit stik sûnt tiden werris yn myn eigen Fryske taal. Ik hoopje dat ik jimme der bliid mei meitsje kin.

Jim merke wol dat ik graach op'e hichte bliuw fan'e ûntwikkelingen op sportgebied yn Nederlân. Dit giet sels safier dat ik myn grutte sus Wilma safier krigen ha om my wat Sportweek-tydskriften ta te stjoeren. Wêrfoar nochris tige tank!
Mar no genôch gelul, geskriuw, getyp, of hoe't jimme it ek mar neame wolle, oer it fuotbaljen. Der binne noch wichtigere saken, dy't my dwaande hâlde yn it lân fan OZ. It is wer tiid om jimme dielgenoat te meitsjen fan myn DYS-story.

We geane earst wer in skoftke werom yn de tiid, werom nei oardel wike lyn yn Redcliffe. Wat is der, neist myn banksaldo, allegearre feroare en bart? Ik sil begjinne by it begjin. Sneon 22 desimber ha we in lytse dei by Moreton Island trochbrocht. Dit is lykas Fraser Island ien grut sâneilan, op twa nei grutste om precies te wezen. Dit ha we dien mei in boattocht. Fanôf de boat koenen we seeturtles en oare wetterbisten herkenne, gjin dolfijnen helaas. Ek ha ik der foar it earst yn myn libben snorkelle by de Tangalooma Shipwrecks fan it eilân. Erch moaie erfaring. Derneist koenen we ek yn in net efter de boat oan lutsen wurde; boatnetting. Dit hie op it lest in hastwol dramatyske wending. Doe't we 'full speed' troch it wetter gongen ha ik myn earmbantsje ferlern dy't ik krigen ha fan myn sussen Wilma en Karin doe't se yn Barcelona wienen ôfrûne jier. Tryste saak......

Nei dizze dei binne we de sneins trochgien nei Brisbane. Om't it waar net erch meisiet ha we net in soad dien dizze dagen, binne we op moandei rjochting Surfers Paradise riden. Dat soe ek tevens it plak wêze wêr't we ús kryst fiere soene. In echt krystgefoel koe ik net by my ûntdekke. By kryst heard kjeld, snie en koarte dagen, toch? Omdat al dy yngrediïnten hjir ûntbrutsen, besoarge my dit alles behalve in krystgefoel. Dat wol net sizze dat we ekstra oandacht oan dizze dei skonken ha. Nee, we ha ússels ferwent mei in heus krystmiel; wraps. En smulle mar!

Woansdei binne we trochriden nei Byron Bay. It waar waard der net better op, somtiden foel der wat rein. En ja, dat binne we net went hjir. Mar goed, nei twa dagen Byron Bay hienen we it wol besjoen. We binne by (wer) by it meast Eastelike punt west fan it Australyske fêstelân. Wol úterst opmerklik is dat se yn dit plakje sels in strjitte ferneamd hawwe nei in wolbekende Fryske sport. Sjoch de foto!

En no sitte we alwer yn Sydney, sûnt juster. It plak wêr't myn trip alwer hast trije moanne lyn begûn. De tiid hâld ek yn Australië gjin skoft. Juster ha we ûnder oare in rûnlieding han troch The Sydney Opera House en ha we de Sydney Tower besocht. Moarn is it alwer 31 desimber. De dei fan it spetterjend fjoerwurk hjir yn Sydney (en yn Easterein hoopje ik..). Nei ferwachting sille der mar leafst 1 miljoen (!) minsken tsjûge wêze fan dit wrâld bekende spektakel by de Harbour Bridge. Dit sil yn twa sessy's plakfine. Earst om 21.00 oere sadat de lytse bern noch wat meigenietsje kinne. Dernei om 00.00 oere sil it echt losgean! De gedachte oan it ôftellen fan'e leste minút, de spanning dy't it meibringe sil, makket myn hert no al sneller klopjend. Mar foardat it safier is, sil it earst in dei fan lang, lang wachtsjen wurde. Fan ferskate minsken ha ik heard dat hja der betiid by wêze moatte om in goed plak te hawwen om it fjoerwurk fanôf in goed punt te besjen. Omdat dit in saneamde 'once in your lifetime experience' is binne we ek seker fan doel om it goed oan te pakken. Sa sille we moarntemoarn fanôf 09.00 oere klearsitte op Milsons Point, yn ôfwachting fan it fjoerwurk. Dat sil dus inderdaad in lange sit wurde. Mar ik ha it der seker foar oer!

Wêr't ik ek seker wat foar oer ha, jild teferstean, is om de Australian Open by te wenjen. Dit giet ek seker barren. We ha namentlik al kaarten kocht foar –jawol- de Rod Laver Arena, it centrecourt fan dizze Grand-Slam. Dit sil op woansdei 23 jannewaris wêze, tidens de kwartfinales fan it toernoai. Dus wa wit sjogge we mannen as Roger Federer, Rafael Nadal of Andy Roddick wol spyljen. Miskien at Michaëlla Krajicek wol de Nederlânske hoop libbende hâld. Wy binne derby! Miskien dat jimme it bield kinne fan televyzje wêr't ik my wolris oan yrritearre ha. Sokke oer-enthousiaste Nederlanders, gehuld yn oranje klean, op de tribunes fan de Australian Open, lûd roppend: "Holland, Holland!" No sil ik der sels ien wêze....!!

Dan wol ik toch it wurd 'planning' nochris falle litte. Ommers, it wurd noch net salang lyn ferflokt by nota bene mysels. Mar ik ha ynmiddels genôch moed sammelje kinnen en wol my der dochs nochris oan weachje. Dêr giet der dan! Ik bring it foarsichtich, mar sa at it no liket flean ik woansdei 30 jannewaris fan Melbourne rjochting Nij-Seelân, Auckland om precies te wezen. Der sil ik ien moanne reizgje en ien moanne oan it wurk. Op 31 maart stiet dan myn reis werom nei Australië op it programma. Dan ha ik noch twa moanne te gean, dy't ik trochbringe sil yn myn eigen bus. Dizze reis sil fan Melbourne, fia Adelaide, Alice Springs, Darwin en Cairns wer werom nei Bundaberg liede. Foardat ik dan op snein 8 juny it fleantúch yn stap nei Nederlân bin ik noch fan doel om in lytse wike troch te bringen yn de Snowy Mountains om der noch wat te skiën (yn juny!). Myn oankomst op Schiphol sil dan op 9 juny plakfine om 06.45 oere. By sommige minsken sil der miskien in beltsje rinkeljen gean by it hearren fan dizze datum. Inderdaad, it betreft de datum fan de earste EK-wedstriid fan it Nederlânsk alvetal tsjin Itaalje. Komt goed út tocht ik sa, kin ik de wedstriid moai op it grutte skerm besjen yn Kafee Bergsma. Wat in planning! Wol haast ik my der drekt by te sizzen, it binne en bliuwe planningen en jim witte wat ik dêr oer sein ha yn it ferline.

Sa oan it ein fan dit ferhaal binne der noch twa saken dy ik net samar foarby gean litte wol. Hjoed 30 desimber is de dei dat myn heit jierdei is. Dus mochten jimme tafallich lâns de Sjaardaleane 17 (ik wit it, it leit net echt de route) komme wuif of toeterje dan efkes. Dat sil him in echt jierdeisgefoel besoargje. Fan herte!!

Dan rest my noch te sizzen om jimme allegearre in goed úteinde ta te winskjen. Tige tank foar alle reaksjes en tige tank foar alle oandacht dy jimme ta my brocht hawwe. Meitsje der in knallend feest fan. Gean net nochris de folgende moarn en nacht mei in trekker troch it doarp (foaral net toeterjend..), mar wês boppe-al foarsichtich mei it fjoerwurk. Moarn om 14.00 oere Nederlânske tiid barst it feest hjir yn Sydney echt los, dan sit ik midden tusken miskien wol de grutste fjoerwurkshow fan'e wrâld. Eltsenien mei harren eigen ynfolling jaan oan: it jier 2008, it jier fan.... Yn myn gefal sil it wêze, it jier 2008, it jier fan folle lok en seine! (en in hiel soad Australië fansels)


FOLLE LOK EN SEINE YN 2008!!!!!



Groetnis DYS

  • 30 December 2007 - 09:15

    Wilma:

    He broerke!

    Moai stikje en foaral dast wer yn it frysk skriuwst docht my goed!
    It begjin fan dyn relaas docht sommige minsken tink ik wol sear....... Mar dat mei de pret net drukke!! We sille sjen hoe at it fannemiddei komt tsjin us Hearrenfean. Ik lit it dy wer sa snel mooglik witte.
    Folle plesier tidens de jierwikseling, ek foar de froulje natuerlik.

    Groetnis Wilma

  • 30 December 2007 - 12:54

    Tineke:

    Hee D-Y, sjonge jonge do bist nog lang net utsjoen he ik wol yn'e gaten...geweldich!
    tige by tige foar de krystkaart, sawol bij my thus as foar de super F(roul)'JES! docht us goed dast nog wol oan us tinkst!! he leave, een goeie jierwikseling tawinske der, en in 2008 ik mar sa geniete der!! xxx

  • 30 December 2007 - 13:22

    Wessel:

    hoi Dirk-Yde
    Voor je er heen gaat en voor je terug komt. ik wil je een gelukkig nieuwjaar toewensen.

    groetjes Wessel

  • 30 December 2007 - 14:52

    Janneke Vd E:

    hey dirk yde! Wat hast in moaie foto's en ferhalen sis.. leuk om dat allehjer te lesen. En do ek in goed gezond en avontuurlik 2008 groetsjes JANNEKE

  • 30 December 2007 - 17:44

    Aldjiersploeg:

    He sjaarda...
    Hast ek wat oer foar it fjoerwurk op de brege haha

  • 30 December 2007 - 18:58

    Jitske:

    He DY
    Ik ben echt jaloers hoor.. als ik zo je verhalen van Sydney en het vuurwerk hoor! Had er graag nog willen zijn. Thuis weer wennen is toch wel moeilijker dan ik had gedacht. Het is hier zoooo koud. En het weer hier is om depressief van te worden hahaha. Veel plezier en een goed uiteinde.. TUT Jits

  • 30 December 2007 - 22:01

    Sietske:

    dy wraps sjogge der lekker út! Hé Durk Yde tinkst goed om de fammen no? In hiel sûn en avontuerlik 2008 tawinske troch Gerben, Sietske Gerbrandy

  • 31 December 2007 - 10:01

    Gr. Anne & Metsje:

    FOLLE LOK EN SEINE YN 2008!!!!!

  • 31 December 2007 - 14:54

    Margriet:

    Hey Sjaarda, sa, krekt ff dyn leste 3 ferhalen lezen (wie net mear hielendal by.. sorry..)
    No dyn kaart hat in moai plakje kriegen hjer! En fanmidzje 14.00 oere haw ik ff oan dy tocht want op de radio wie dat it by jim nijjier waard en dat it wer in spetterend feest wie! Dus by disse: in hiel lokkich, sun en ontdekkend nijjier tawinske! Wy sil sjen wat der fan8 foar spetterend fjoerwurk ope breche is! haha.
    Tut, Margriet
    Ps. Oh ja, kinst ff san koala foar my meinimme? dy fien ik wol skattig!

  • 31 December 2007 - 16:12

    Karin:

    Hé broerke,

    dat is frjemd, ik ha krekt op it RTL journaal de bielden sjoen fan it fjoerwurk by jimme en wy moatte noch 7 oeren wachtsje. Mar sa te sjen wie it wol de muoite wurdich, of net?
    Hjir sitte se al de hiele dei op de molkbussen te knallen.

    Ja ik moat Wilma wol gelyk jaan, it die my al sear. By dy ek, dast dyn 'dierbaarste' besit kwytrekke bist? No we stjoere wol in nijen, of we bringe it!!!

    Oh ja, hast fergetten, tja it is foar my ek net sa belangryk, mar foar oaren al; ik wie der by doe't Hearenfean-Feyenoord 1-1 spylen. Leuke pot, mar Hearenfean hie it fertsjinne om te winnen, mar de bal woe der gewoan net yn. Jammer, mar Wilma hie it leaver sa, dus...

    En dat wisten we dochs al: keatsen in wrâldsport...! Soe hjir yn Fryslân ek mear moatte, wenje op de 'Kwea' ofsa.

    No, do silst no wol as in kroade ûnder de brêge lizze, wy meitsje ús hjir op foar de jierwikseling. Earst noch efkes lekker sprútsjes ite....

    Oant gau.

    Tút fan Karin, Oetze en Jesper.

  • 31 December 2007 - 18:49

    Janny:

    Ik slut my oan bij Tineke :-) Hoop dat itwachtsjen it ek waard wie foar it fjoerwurk! Bin self nog 'drok' oan't wurk, mar sil om 21.30 ek ff it feest yn! Bin benijd nei de folgende ferhalen...Blieuw foaral ek genieten yn 2008!! xx Janny

  • 31 December 2007 - 19:08

    Idsert:

    Hoi Dirk-Yde. ik vond het leuk om gister
    met je te bellen. en ik wens je een gelukkig nieuwjaar en nog heel veel plezier.en ik hoop dat je snel terugkomt.
    gr Idsert,Wessel,Jetze,Anja

  • 31 December 2007 - 19:25

    Jelsmanian Devil:

    sjocht der wer fantastisch ut sjaarda mar ja wy komme krekt werom ut saalbach
    2 daagen skiee is ek fantastisch. en ohh jaa ek belangryk psv herbstmeister.

    groetnis jsj

  • 01 Januari 2008 - 14:17

    Jan:

    He baar. Ik bin by de wedstryd H'veen tsjin die twadde club fan R'dam west. Sels it twadde alftal fan it fean spilet die dutsers fan de matte! Net te liuwen wat in drama ploeg.
    Mooi fjoerwurk sjoen tink? Nog bedankt foar dyn 7 berichten!
    Vette groeten!

  • 01 Januari 2008 - 15:02

    Marten:

    Ha die Sjaarda, ast nou eltse keer in foto fan makaay der by dochst dan wurde we cker kampioen!! Nog in soad wille de kommende tiid jong, dat sil fest lukke. Noch bedankt foar dyn kaartsje, toppie.

    Groetnis Marten

  • 01 Januari 2008 - 17:14

    Sjoerd Van Beem:

    He Baarda,

    ûndanks it feit dasto supporter fan die klup 'van Zuid' bist wol ik dy even in goed nijjier tawinskje.
    Ik hoop dasto goed begrypst dat it Fean folle, mar dan ek folle better wie as die lui ut Rotjeknor.
    Whatever.

    Groetnis, Sjoerd.

  • 01 Januari 2008 - 18:07

    Siem En Jeltje Sikma:

    Wij wensen je een heel gezond en reis lustig nieuwjaar toe,Leuk om je verhalen elke keer weer te lezwn

  • 02 Januari 2008 - 09:34

    Marten En Sandra:

    He Sjaarda!

    De beste winsken foar 2008!!! En geniet fan dyn reis! Mar dat is dy wol tavertrouwd sa te sjen en te lezen! Prachtig, ol dyn verhalen en foto's!

    Groetnis Marten en Sandra

  • 02 Januari 2008 - 18:58

    Jelle & Hessel:

    Ha die sjaarda, foar dy ek de beste winsken foar it nije jier! We winskje dy nog een soad succes en wille ta ien it ferfolch fan dyn reis. Groeten fanut een sinnig Texas.

    ps. feyenoord is net nr 1

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Dirk-Yde

Donderdag 4 oktober vertrek ik voor zo'n 8 maanden richting Australië. In de maanden december en januari bezoek ik ook nog eens Nieuw-Zeeland.

Actief sinds 21 Dec. 2006
Verslag gelezen: 3288
Totaal aantal bezoekers 130105

Voorgaande reizen:

01 November 2014 - 16 Januari 2015

Indonesië, Nieuw-Zeeland & Australië

16 Februari 2010 - 05 Maart 2010

Vancouver 2010 Olympics

04 Oktober 2007 - 03 September 2008

Australië, Nieuw-Zeeland en China...

Landen bezocht: